
Nei al hast fjirtich jier yn it muzykfak sitten te hawwen, wie Sytse Haima fan Weidum ferline jier ta oan syn tredde soloalbum (sawol cd as elpee): Rûs op ’e line. Hoewol’t dat wat minder lykwichtich is as syn foarige skiif Tsjin better witten yn?, hat Haima mei ‘Rûs’ fannijs gâns pearels fan tekst en muzyk tafoege oan syn al mar útdijend oeuvre.
Boustiennen
De earste boustien fan dat oeuvre wie de finylsingle ‘Don’t let your head hang down / Rainy day blues’ fan ’e groep F.U.C., út april 1983. As sologitarist fan dy band hie Sytse Haima beide nûmers skreaun en komponearre tegearre mei slachgitarist en sjonger Pier Koopmans. Koopmans fine wy letter werom yn allerhanne, foaral Frysktalige, bands. De oare leden fan F.U.C. wiene: Oene Wagenaar (saksofoan), Daniël Span (basgitaar) en Jan Wierstra (drums).
Nei F.U.C. waard Haima yn ’e twadde helte fan ’e tachtiger jierren lid fan ’e ferneamde punky gitaarband Kobus Gaat Naar Appelscha (KGNA), dêr’t er in stikmannich goed ûntfongen albums mei makke. Fan 1989 ôf siet er, tweintich jier lang, mei in oar âld-KGNA-lid, nammentlik Jankobus Seunnenga, tige suksesfol yn it folky ‘twamansfeestorkest’ Pigmeat. Fan Pigmeat ferskynden njoggen albums, dy’t by de mannichfâldige optredens fan it duo steefêst goed ferkocht waarden.
Nei syn tiid mei Pigmeat is Sytse Haima ûnder mear te hearren as begelieder fan Ernst Langhout en as gitarist yn ’e populêre feestband De Suskes. Dêrnjonken set er útein mei in solokarriêre, dy’t yn 2016 respektyflik 2018 de Frysktalige albums De stille jout lûd en Tsjin better witten yn? opleveret.
Koroana
De krektneamde albums waarden ferline jier dus folge fan in nijenien: Rûs op ’e line. Dat album telt op ’e finylferzje 13 nûmers en op ’e cd , dêr’t ik it no oer hawwe sil, mar leafst 18! Ien dêrfan, ‘Salang’t myn auto riden bliuwt’, wie yn 2005 ek al te hearren op it album Joadelahidihido!&…Hop!HoP! fan Pigmeat. It nûmer is yn dy útfiering sels in fêste wearde yn ’e jierlikse Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. No sjongt Haima it op in bysûnder oansteklike wize yn duetfoarm mei Anke Boersma en hat Maaike Boonstra der in pracht fan in trompetsolo oan bydroegen. Behalve Boersma en Boonstra wurkje oan Rûs op ’e line mei: Nico Outhuijse (drums en perkusje), Menzo Rohn (toetsen), Mr Tim de Vries (tenoarsaksofoan en tromboane) en Schelte de Haan (trompet).
Multy-ynstrumintalist Sytse Haima hat sels alle teksten en muzyk foar syn jongste album skreaun. Om’t yn ’e koroanajierren 2020 en 2021 sawat al syn optredens weifoelen, hie er dêr ek alle tiid foar. Troch de koroanarestriksjes koe de offisjele presintaasje fan Rûs op ’e line te Weidum, dy’t op priemmen stie foar ein novimber 2021, ek net trochgean.
Grouste rekkens
Om yn koroanatiid dochs yn syn libbensûnderhâld foarsjen te kinnen, moast muzikant Sytse Haima yn 2021 sels in (by)baan as timmerman oannimme! Hoe slim oft er it fynt, dat troch de koroanapandemy it iepenbiere muzyklibben hjoed-de-dei foar in grut part op ’e rêch leit, ferwurdet Haima yn it iepeningsnûmer ‘Hillige Cecilia’ fan syn jongste album. De Hillige Cecilia is lykas bekend de patroanhillige fan ’e muzikanten:
Wat as der noait mear songen wurde soe
Wat as yn stilte alle sang ferdronk
Wat as der noait mear spile wurde soe
Wat as stilte alles wie dat klonk
In mins wol ferwurdzje, dat is foar elk gelyk
Mar as wurden neat mear sizze, restearret noch muzyk
[…]
Sa’t fûgels yn it fjild net kinne sûnder sang
Is muzyk dy’t bynt foar minsken fan belang
Dat is dus hiel oare taal as dy fan ’e koroanabeliedsmakkers, dy’t de lêste jierren alles wat ek mar in grisseltsje op muzyk, keunst of kultuer liket, fuortstreekje as ‘net-essinsjele saken yn in minskelibben’! Reden wêrom’t musisy, teatermakkers en eveneminteorganisatoaren maatskiplik feitlik de grouste rekkens fan ’e koroanakrisis presintearre krije.
Monumint
Fan ien dy’t by it gruttere publyk foaral bekend stiet as muzikaal ‘feestnûmer’ (Pigmeat, De Suskes), wurde de boppesteande ‘serieuze’ wurden út ‘Hillige Cecilia’ faaks net fuortdalik ferwachte. Op Rûs op ’e line steane lykwols mear fan sokke serieuze teksten, dêr’t Haima ek faker yn reflektearret op ’e geast fan ’e tiid. Yn ‘As de wrâld ta stilstân komt’ bygelyks hat er it op ’en nij oer de impact fan koroana.
De moaiste en meast oangripende tekst op it album is faaks wol dy fan it nûmer ‘Gjinien dy’t wist’. It nûmer giet oer Haima syn sweager, de Biltske muzikant en keunstskilder Pieter Braaksma (1963-2020), fan wa’t yn augustus 2021 noch postúm in útstalling te sjen wie yn Sint Anne. Braaksma makke gefoelige portretten fan minsken, mar skildere ek it Fryske plattelân, hynders en tsjerken. Pieter Braaksma makke sels in ein oan syn libben. Der kin sûnder mear sein wurde, dat Sytse Haima mei ‘Gjinien dy’t wist’ in monumint-yn-wurden-en-muzyk oprjochte hat foar syn ferstoarne sweager:
Gjinien dy’t wist wat dy mankearre
Mar in ink’ling dy’t wist fan dyn striid
In fasade fan ljocht dy’t it tsjuster maskearre
Sa kaamsto soms troch de tiid
[…]
In oar der mei opskypje dat woesto net
Dat wie wol it lêste watst woest
De striid wie dines, dêryn wiest beret
In striid dy’tst net winne soest/koest.
Lichte toan
Hoewol’t, sa’t út ’e boppesteande oanhellings wol bliken docht, Rûs op ’e line (en dy titel ‘seit’ it fansels ek al) oer ’t generaal in folle ynbanniger (serieuzer) album is as syn beide foargongers, mist de fan Haima bekende lichte toan net. Dy is allerearst te hearren yn ’e twa ynstrumintale stikken dy’t op it album steane: ‘Ut de stokken’ en ‘BBQ Polka’. Mar ek yn ‘Wa’t dûnset fielt ’m frij’ (Fiel it ritme, fiel de beat / Lit ús swingend troch it libben gean / Ja, lit dy gean, ferjit de tiid / Want wa’t dûnset bliuwt net stean); yn it hjirboppe al neamde ‘Salang’t myn auto riden bliuwt’ en yn ‘Babyfoan blues’ (Ik wenje yn ’e ‘Kninebuert’, jo begripe wol wêrom / It tilt hjir op fan de bern en ek sels kom ik der yn om / En elts hat in babyfoan mei mar in A- en B-kanaal / Fan de helte fan de minsken krije wy dan ek sinjaal) slacht de lichte toan fan Sytse Haima foar master op.
Idioom
Mei Sytse Haima dan faaks as sjonger wolris in lyts (ûnsuver) stekje falle litte, muzikaal hat er op Rûs op ’e line alles as de bêste foarinoar. Syn oer ’t generaal tige melodieuze en yn ’e ‘lichte’ nûmers bysûnder oansteklike wizen, hat er ynbêde yn in moai folky idioom, fol mei ûntlienings út allerhanne oare muzyksjenres wei. Sa kinne nûmers hiel lyts, mei allinne gitaar en (synthesizer)klarinet, foar de hearen komme (‘Hillige Cecilia’), mar ek jazzy (it titelnûmer), yn rockabilly-styl (‘Ik wol der foar dy wêze’) of yn ’e suver kuttepielhoempa-eftige trant út ’e bêste jierren fan Pigmeat (‘Knettergek’).
Produksjoneel klinkt Rûs op ’e line ek as in klok. My tinkt, dat is foaral de fertsjinst fan Nico Outhuijse, drummer fan De Kast, mar earst en meast skepper en skriuwer fan The Grien Room-studio yn Ljouwert, mei wa’t Sytse Haima al jierren oparbeidet.
De foarmjouwing, troch Wybo Smids, fan ’e cd-slúf en it tekstboekje mei der ek wêze! Smids hat de ‘line’ út ’e titel fan it album yn ’e foarm fan telefoanpealtriedden yn syn hiele foarmjouwing as útgongspunt nommen. Sjocht men de foaromslach fan sawol slúf as boekje, dan hat men oanstriid om jin yn it gea fan sjongeres Lucinda Williams, it suden fan ’e Feriene Steaten, te wanen. En dat is fansels ek de krite dêr’t Sytse Haima in soad fan syn muzikale moster wei helle hat!Tsjin better witten yn?
Op Rûs op ’e line steane gâns peareltsjes fan tekst en muzyk. Dochs achtsje ik it album as gehiel justjes minder lykwichtich as syn oer alle boegen prachtige foargonger Tsjin better witten yn?. Op dy plaat raanden, om samar te sizzen, Haima syn timbre as sjonger en de troch him komponearre muzyk op in hast ultime wize mei-inoar gear. Soks lit lykwols ûnferlet, dat Sytse Haima mei Rûs op ’e line fannijs in poerbêst beslein album ôflevere hat.
Sytse Haima: Rûs op ’e line (cd en elpee); SH Produksjes; Weidum 2021; info@sytsehaima.nl; 058 251 96 74 / 06 30 94 17 88.