Cornelis van der Wal

Friduwih Riemersma: ‘Myn binêre koade’, in sinjalemint

logo.ensafh

Yn it (Hollânsktalige) petear Friduwih Riemersma dicht als een ouderwetse vernieuwer mei it Friesch Dagblad die Friduwih Riemersma, dochter fan Trinus, te witten dat se okkerdeis in online kursus poëzij-skriuwen folge hie. It risseltaat fan dizze opdiene wiisheid is de min as te mear yn eigen behear by útjouwerij Grotesk útjûne dichtbondel ‘Myn binêre koade’. It is Riemersma har debút as dichter.

‘Myn binêre koade’ befettet proazagedichten, dat wol sizze poëzij yn proazafoarm. Yn West-Europa waarden begjin19e iuw al proazagedichten skreaun, dat ik sjoch de fernijing net daliks. Nyk de Vries en Geart Tigchelaar beoefenje dit sjenre ek yn it Fryske taalgebied. Sawat tagelyk mei it útbringen fan ‘Myn binêre koade’ waard Geart Tigchelaar syn Ommers publisearre, ek in bondel mei proazagedichten. Wylst Tigchelaar syn proazafersen glêshelder binne en meast nei in pointe tawurkje, binne Riemersma har gedichten mei opsetsin tsjuster makke. Riemersma jout yn it petear ta dat se mei sin de lêzer in soarte fan kryptogram foarset. It past hielendal by har skriuwstyl. Riemersma har ‘resinsjes’ binne ek berucht om harren ûnlêsberens, sjoch bygelyks dit besprek fan Noas tsjin it glês fan Edwin de Groot. Mar dat wol fansels net sizze dat ik alle poëzij dy’t him net daliks priisjout fersmyt. Der meie lykwols al easken steld wurde wat poëtyske kwaliteit oanbelanget.

Lit ús der ris in fers by pakke:

It is gjin slavernij ommers ik krij op ûneven dagen
keallefleis te iten en in semy-yndustriële naaimasine foar
it heksen troch de hearen har spikerbroeken hinne dy’t
altyd en ivich slite op ’e kont of op ’e knibbels fan it
kantarellensykjen en ik laapje harres like taai op as dat ik
krektsa foar de reis nei har demoanen de lapen sigesage
om de skoandere deaberne dochterkes fan kening
toetankamon.

(s. 33)

De taal is stjitterich en net bepaald muzikaal en de ynhâld komt del op in hûs-tún-en-koken tafriel: de dichter is oan it broekferstellen. Wat Toetankamon foar rol spilet wurdt lykwols net dúdlik, de eartiidske hearsker is der mei it nekfel by sleept, sa liket it wol.

En sa giet it yn de rest fan dit bondeltsje fierder. Kryptyske teksten dy’t, safier’t se te ûntsiferjen binne, meast húslike tafrielen en relaasjeproblemen beskriuwe. In soad aventoer sit der alsa net yn.

Ta beslút kom ik noch efkes werom op dy kursus: om poëzij skriuwen te learen is der mar ien kursus: Lêze, lêze en nochris lêze. En dan de grutte dichters fan de wrâldliteratuer. Ut ‘Myn binêre koade’ docht net bliken dat Riemersma dizze oplieding ek folge hat.

Myn binêre koade
Friduwih Riemersma
Grotesk, Amsterdam, 2021

 

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *