Henk Nijp

Ophokt

logo.ensafh

Ik stie healwei de beam op ’e ljedder mei twa snoeiskjirren yn ’e bûse en de beamseage yn ’e oanslach. Yn ’e boppeste tûken, dy’t der no noch oansieten, hiene de swartkopkes de measte wille. Dat wol sizze se hiene in protte leven: of se stutsen my de gek oan of wiene lilk dat ik yn harren beam omseage.
De lege sinne skynde my troch de keale tûken fuort yn ’e eagen en it seachmoal waaide my streekrjocht yn ’e eagen, net echt handich by it snoeien, mar it koe even net oars om’t de ljedder krekt sá stean moast. Under my lei al in moaie bulte tûken fan de ûnderste regioanen. De Spaanske aak, in eskdoarn, wie wer oan syn jierlikse snoeibeurt ta, mar om’t ik ferline jier in kear oerslein hie, wiene de tiennen ekstra lang en tsjokker as gewoanwei. De botanisten omskriuwe de beam as stadichgroeiend, ik fyn dat er hurd genôch giet en de beam kin, as it meisit, wol goed 200 jier wurde, dat ik kin noch wol even foarút.
Wy wiene oan hûs bûn, om’t wy in lytse útfanhuzer mei kâns op koroana hiene. Dat er dat ûnder de lea hie, wiene wy doe noch net fan op ’e hichte. Mar op syn berne-opfang yn Hollân wie in covid-útbraak en de hiele boel gong dêr op slot op oanstean fan de GGD. En om’t syn mem hast in lytsenien krije soe, moast hy tydlik oar plak ha. It gefaar foar besmetting fan mem en poppe soe oars te grut wurde. De ôfspraak foar in offisjele GGD-test wie al makke foar oer 5 dagen, want safolle moat der tusken de mooglike besmetting en sa’n GGD-test sitte. Dat hy koe moai in pear dagen by ús yn ’e hûs. En om’t yn de foarskriften fan it ministearje stiet dat jo yn ’e hûs bliuwe moatte yn gefal fan karantêne, mar wol op it balkon sitte meie, fûn ik dat ik de beam wol beknippe koe. Boppedat, wy ha gjin balkon. En boppe op ’e ljedder yn de beam is ommers gâns heger as oardel meter.
De twadde deis dat er by ús wie, krige er healwei de moarn wat in kleur en in bêste snotnoas, mar fierder wie der neat te rêden, hy bleau sa blier as in protter. En snotnoazen ha lytskes by de rûs, hy iet as in slatter. En middeis en nachts sliepte er alle kearen as in marmotsje. Neat te rêden soe men sizze.
Wilens hie er in suske krigen, mar dêr hied er sels gjin weet fan en dat moast net te lang duorje fansels. Eins soe er wer nei it âlderlik hûs moatte, mar de snotnoazen holden wol oan. Op de fyfde dei, by de teststrjitte waard it dochs wol wat spannend, it lipke trille wakker en sels rinne siet der net yn; op ’e earm it unheimische gebou yn. De ûntfangst troch in pear mannen yn swarte pakken mei mûlemaskers op by de yngong waard it net better fan. En doe’t wy nei it yntsjekken yn de, mei junglebisten opsierde testkabine komme mochten en der in tester ferpakt yn blau-eftich plestik mei alle goede bedoelingen tsjin him begûn te praten wie it echt mis. Sels de trouwe knuffelknyn die hjir gjin fertuten. De test wie lykwols gau dien en mei in kleurplaat en in stift koene wy wer op hûs oan. Doe begûn it wachtsjen.
Oardel dei letter kaam de útslach, jawol posityf, koroana dus. No moast er noch langer by ús útfanhûs. Dat gong fierder mar bêst, hy wie gelokkich net in sprút ûnwennich. Doe’t it moai genôch west hie en de offisjele tiid dy’t der foar stie om wie, ha se de lytse man wer ophelle. En bliid dat er wie, doe’t er syn heity wer seach!
Mar no koene wysels der nóch net op út, want it soe al hiel frjemd wêze as wy gjin besmetting oprûn hiene, al wiene wy faksinearre en boostere. Wy hiene lykwols gjin fertochte ferskynsels. Doe feroare de nije minister ek de spulrigels nochris, it soe wer wat makliker wurde om derút. Foar alle wissichheid namen wy alle âlde foarskriften dochs mar sekuer yn acht. Doe’t wy ús tiid útsitten hiene en mienden dat we der no wol wer feilich op út koene, mar foar alle wissichheid dochs noch mar efkes in selstest diene, fertoande it strypke nei 15 minuten by ús beide 2 dúdlik kleurde streekjes, dochs posityf! Koe de hiele syklus op ’e nij begjinne. Koe ik de beam wer yn. Der wiene noch gâns tûken oer.

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *