Blog Sigrid Kingma: Skriuwers socht

logo.ensafh

Ik ha sok moai wurk. It wurdt tiid om it mei jim te dielen. Faaks ha ik alris ferteld oer myn haadprojekt Skriuwe yn Styl. Yn it koart: Foar seis beroppen en byhearrende tekstsoarten leare learlingen yn trije ienfâldige lessen stylgrepen dy’t harren ta bettere skriuwers meitsje. It is machtich moai wurk om it materiaal te ûntwikkeljen.

Yn dy kategory ha ik noch in oar projekt tegearre mei in kollega: Lêze om te Learen. Dat is yn it koart in effektyf alternatyf foar begripend lêzen. Foar skoallen dy’t mei ûndersykjend learen yn it Frysk oan de gong wolle, fersoargje wy in moai tekstpakket fan rike ynformative en persoanlike teksten yn tema’s der’t de skoallen mei wurkje.

Lês fierder by Sigrid Kingma

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *