
Op it tastânkommen fan it album Reizger yn Fryslân. Boudewijn de Groot yn it Frysk! Deel 2 hat de grutmaster fan it Nederlânsktalige harkliet sels tafersjoch hâlden. Boppedat hat er der sân gitaar- en twa sangpartijen oan bydroegen. En dan docht er yn trije nûmers ek noch mei yn ’e ‘backing vocals’! Op sa’n wize is Reizger yn Fryslân in folle mear ‘Boudewijn de Groot-eigen’ album wurden as syn foargonger Boudewijn de Groot yn it Frysk! út 2019. Lit ús mar sizze, dat de hân en toan fan ’e master sels der folle dúdliker op te hearren is.
‘Adviezen’
Wêrom’t Boudewijn de Groot (*1944) graach sels oan it tastânkommen fan in twadde album mei wurk fan syn hân yn it Frysk meiwurkje woe, ferwurdet er op side 2 fan it tige ynformative en troch Lean Dijkstra moai fersoarge cd-boekje: ‘De eerste Friese cd […] verraste me op verschillende manieren. Ik wist bijvoorbeeld niet dat er zoveel zang- en ander muzikaal talent in Friesland was. Ook hoorde ik hoe zingbaar het Fries blijkt te zijn. Als “westerling” kom je niet zo vaak met die taal in aanraking. De vertalingen van Cees de Wolff waren de derde verrassing. Hij is geen dichter van beroep, maar bleek de teksten van (voornamelijk) Lennaert Nijgh bijzonder vakkundig en poëtisch in het Fries te hebben overgebracht. Al met al was een van de eerste gedachten die bij me opkwamen: was ik maar bij de opnamen geweest. […] Toen deze tweede cd dus werd aangekondigd door Cees stelde ik meteen voor dat ik erbij zou zijn om hier en daar indien nodig wat adviezen te geven. Dat voorstel werd gelukkig direct aanvaard en ik heb er geen seconde spijt van gehad.’
Lennaert Nijgh hofleveransier
Foar Reizger yn Fryslân hat Cees de Wolff fan Oranjewâld, mei stipe fan Grytsje Kingma fan Sint Jânsgea, op ’en nij 13 troch Boudewijn de Groot op muzyk sette lietteksten fan Fryske wjergaders foarsjoen. De âldste tekst, ‘Apocalyps’, stamt út 1965, de jongste, ‘Achter de hemelpoort’, út 2007. Dy lêste is fuortendaliks ek de ienige tekst fan Boudewijn de Groot sels. Ruud Engelander levere yn 1973 de oarspronklike wurden foar it nûmer ‘Jimmy’ en Lennaert Nijgh (1945-2002) is mei 11 teksten ek op dit album wer de hofleveransier. Mar… der stiet ek ien nagelnij nûmer op ’e skiif! Dat is de troch Boudewijn de Groot, Syb van der Ploeg en Cees de Wolff yn ’e mande skreaune útsetter ‘De lifter’, in duet yn it Frysk en it Nederlânsk, songen troch Van der Ploeg en De Groot mei begelieding fan Van der Ploeg syn groep De Kast (sj. de ein fan dit stik).
Fris en helder
De Fryske fokalisten dy’t oan it album meiwurke hawwe, binne: Theun Plantinga (ien nûmer en in duet); Senna Black (= Sanne Hoeksma); Berend Riemersma; Grytz (= Grytsje Melchers, twa nûmers en twa duetten); Lotte Broersma (trije duetten, mei respektyflik Berend Riemersma, Theun Plantinga en Syb van der Ploeg); Jelle B (twa nûmers); Syb van der Ploeg (ien nûmer en trije duetten, mei resp. Grytz, Lotte Broersma en Boudewijn de Groot) en Reinout Weima. De oerlaap neffens it earste album bestiet út mar ien fokaliste, nammentlik Grytz.
Fryske muzikanten dy’t yn ’e Key Studio fan Rogier Trampe te Akkrum bydragen oan Reizger yn Fryslân levere hawwe, binne ûnder oaren Peter Krako (gitaar), Sietse Huisman (drums), Arjen de Graaf (toetsen), Hubert Heeringa (in ferskaat fan ynstruminten), Peter van der Zwaag (piano en akkordeon) en ’e leden fan ’e al neamde groep De Kast. Sy hawwe der mei harren fakkundigens foar soarge, dat de muzyk fan Boudewijn de Groot, op basis fan ’e besteande arranzjeminten fan sokken as Bert Paige, Jakob Klaasse en Cees Bruyn, yn in nije ‘miks’ en oanpast oan ’e jongste ideeën fan ‘adviseur’ Boudewijn de Groot, fris en helder klinkt as nea tefoaren!
Brêgen te fier
Foar dit album Reizger yn Fryslân liket Cees de Wolff wat minder oan it ‘wertalen’ west te hawwen as foar de foargonger Boudewijn de Groot yn it Frysk! Allinne de nûmers ‘Jimmy’ (= ‘Jimmy’), ‘Meester Prikkebeen’ (= ‘Skipper Prikkepoat’), ‘Zuster Ursula’ (= ‘Suster Ursula’) en foaral ‘Jan Klaassen de trompetter’ (= ‘Ús beppe sit op twitter’) binne foar it meastepart net ûntkommen oan De Wolff syn oanstriid om ’e grûnteksten fan respektyflik Ruud Engelander en Lennaert Nijgh ris goed om te bouwen. De earste fiif rigels fan ‘Meester Prikkebeen’ geane by Lennaert Nijgh bygelyks sa:
Hij staat in de sneeuw aan de rand van de stad
en prikt de dagen van december op zijn hoed.
Hij fluit zijn pluchen lapjeskat,
want hij heeft last van muizenissen
die nesten maken in zijn baard.
Cees de Wolff hat dêr yn ‘Skipper Prikkepoat’ fan makke:
Hy leit mei syn boat oan de râne fan it doarp,
de measte minsken fine him in sûnderling.
Hy fluit [sic!, B.O.] syn âlde wetterhûn,
hy wol wer fuort, de mar op farre,
tegearre wer oan board.
Kin út it boppesteande noch eat fan ’e ‘geast’ fan Lennaert Nijgh syn grûntekst distillearre wurde, yn De Wolff syn wertaling fan ’e kearsang fan Nijgh syn ‘Jan Klaassen de trompetter’ bliuwt fan ’e oarspronklike ‘ynhâld’ alhielendal neat mear oer. Lennaert Nijgh dichte yn 1973:
Jan Klaassen was trompetter / in het leger van de prins, / hij marcheerde van Den Helder / tot Den Briel, / hij had geen geld en hij was geen held / en hij hield niet van het krijgsgeweld, / maar trompetter was hij wel / in hart en ziel!
En Cees de Wolff syn wjergader waard yn 2021:
Ús beppe sit op twitter, / ja, dêr hat se in account. / Se kin chatte fan New York / oant Muntsjesyl. / En se docht in swipe en se praat mei heit, / mar dat kostet neat, want dat giet mei skype. / Ja, ús beppe hat / in digitaal profyl.
Sokke wertalings fan op harsels skoandere lietteksten mei literêre wearde binne my, lykas ik earder al skreaun haw (sj. myn stik ‘Boudewijn de Groot “hertaald”’ yn dit medium fan 2 maart 2020), winlik in pear brêgen te fier. Se dogge ommers gjin rjocht oan ’e grûntekst en dêrmei ûnderstek oan ’e artistike yntegriteit en autonomy fan ’e oarspronklike auteur.
Tichter by de grûntekst
Dêrom bin ik bliid, dat De Wolff yn gâns oare oersettings wól in stik tichter by de grûnteksten bleaun is! Dat is bygelyks it gefal yn it nûmer ‘Eva’ út 1967, dat Lennaert Nijgh iepene mei de strofe: Ik houd de wereld in mijn hand, / het glazen ei vol land en wolken, / ik zal de hemel gaan bevolken, / ik roep de varens uit het zand. Yn Cees de Wolff syn oersetting is dat wurden: Ik hâld de ierde yn myn hân. / It glêzen aai mei lân en wetter. / Ik blaas de himel fol gesketter. / Ik rop de heide út it sân.
Mar ek Boudewijn de Groot syn eigen tekst út 2007, ‘Achter de hemelpoort’, dy’t yn it Frysk as ‘Achter de himeldoar’ op in bluesy groove werklik superieur fertolke wurdt troch Syb van der Ploeg, hat er moai ticht by de grûntekst bliuwend oerset. En itselde jildt foar ‘De reiziger’, ‘Apocalyps’ en ‘Pastorale’.
It lêstneamde nûmer, in duet, waard om 1969 hinne de hitlisten yn songen troch Ramses Shaffy en Liesbeth List. Anno 2021 ‘steane’ Syb van der Ploeg & Lotte Broersma foar in poerbêste útfiering fan ’e Fryske wjergader.
Hits en fertelperspektyf
Op Reizger yn Fryslân binne oars mear nûmers op muzyk fan Boudewijn de Groot te hearren dy’t net perfoarst grutte hits yn ’e útfiering fan ’e master sels west hawwe. Sa wie it Rob de Nijs, dy’t in soad sukses hie mei de nûmers ‘Zuster Ursula’ en ‘Malle Babbe’. Dat lêste nûmer hat Cees de Wolff ‘Moaie Flarde’ as titel jûn en hy hat it fertelperspektyf feroare. It liet oer in ljidske (‘lichtekooi’) wurdt yn it Frysk nammentlik troch in frou – yn dit gefal Grytz – songen. Sa’n perspektyfwiksel hat De Wolff yn mear teksten op Reizger yn Fryslân tapast. ‘Jimmy’, oarspronklik oer de noed fan in heit foar de (maatskiplike) takomst fan syn soan, wurdt no bygelyks ek útfierd troch in frou (Senna Black). My tinkt, dat feroarjen fan perspektyf – yn ‘Jimmy’ fan ’e heit nei de mem – is yn alle gefallen yn ’e twa neamde nûmers goed beteard. Troch dy, ynstee fan in man, dus troch in frou sjonge te litten, krije de Fryske teksten suver in sterkere ynhâldlike ‘lading’ as de Nederlânske orizjinelen.
Twatalich prachtduet
By einsluten noch in wurdmannich oer ‘De lifter’, it lêste nûmer op Reizger yn Fryslân. Dat nûmer is wurkjenderwize ûntstien, doe’t Syb van der Ploeg Boudewijn de Groot wilens it tariedingsproses fan it album trof en mei him yn petear rekke. Syb syn grutste passy is winlik noch altyd om op poadia te stean en oeral dêr’t dat kin it publyk mei syn sang en muzyk te fermeitsjen. Boudewijn dêrfoaroer, mei hiel graach lieten komponearje en opnimme, mar hat njonkelytsen it mier oan ‘optreden’. Dat lêste docht er sûnt 2020 dêrom ek alhielendal net mear.
Út dy ferskillende ‘wizen fan sjen’ is de tekst foar it twatalige prachtduet tusken Syb van der Ploeg en Boudewijn de Groot ûntstien. Mei begelieding fan ’e hechter as ea spyljende groep De Kast binne yn it nûmer ‘De lifter’ ûnder mear de folgjende nijsgjirrige ‘uterings’, dêr’t ik no dit stik oer Reizger yn Fryslân mei ôfslút, te hearren:
Boudewijn:
[… ] da’s ook toevallig, ik ben zanger en speel ook gitaar.
Ik zou beslist niets anders willen, maar het optreden viel me vaak te zwaar.
Altijd weer diezelfde liedjes, in een theater of op een feest.
Aan de zaal heeft het nooit gelegen, het podium is niets voor mij,
dus nu is het wel mooi geweest.
Syb:
[…] Ik haw dêroer in oar gefoel
want as ik myn lieten meitsje, haw ik ek it poadium as myn doel.
Dat spûket altyd yn my om, it sit yn my as in hillich fjoer.
De seal dy stookt it fierder op. Op it poadium bin ik thús.
Ja, dêr jou ik my oan oer.
[…]
Kom mei, it teater yn, kom op en fiel dy frij.
It poadium op, yn ’t ljocht, do en ik, in Nije Dei.
Boudewijn:
Nee bedankt, het spijt me, ik ga naar huis.
De wereld is jouw domein, ’t is een lange reis geweest
en deze reiziger is thuis.
Acht ûnderskate Fryske artysten + Boudewijn de Groot en De Kast: Reizger yn Fryslân. Boudewijn de Groot yn it Frysk! Deel 2 (cd); Eigen behear; Oranjewâld 2021; www.boudewijndegroot.frl