Greet Andringa

Wolkom yn Almere

logo.ensafh

Fan ’t wykein ha ik útfanhuze by myn âldste dochter. Sûnt septimber is se op harsels, dat wol sizze: se wennet by in neef fan har heit op keamers yn de stúdzjestêd-yn-opkomst yn de polder. Ik ha har holpen te ferhuzjen, mar dêrnei hie ik dêr noch net wer west. Mei krystljochtsjes en grutte en lytse planten hat se wyls har eigen bewenne tsjoenbosk boud, mei útsjoch op de keapgoaten likernôch tritich meter ûnder de grutte ruten. Se siedt aaien yn de wettersieder, nûdels op dizze wize siede hat se al ôfleard. Se hat in planke fol skoalboeken en in ekstra matras foar as immen let net mear nei hûs wol.
Se is perfoarst net mear it benaude fjildmûske dat se in pear moanne lyn noch wie: hier derôf, ferve yn in woeste kleur, rinkje troch de noas. De earste tattoo sit der ek al oan te kommen. Se gidst my fakkundich troch de stêd, nei har skoalle, midden op it no noch ûnsjogge en modderige Floriadeterrein dat yn april in grien merakel wêze moat. Lâns it Weerwater. Nei de Intratuin yn in oare wyk. Dat lêste om noch mear blompotten te heljen, foar de stekjes dy’t se krigen hat fan de nije freonegroep, oeral en nergens wei: ‘Sokke kjûtys!’ , wêrby’t ik eefkes net fluch genôch fan ferstân bin om te begripen of se it hat oer de skattichheid fan de jonge minsken of de botanyske giften. Ta myn yntinse tefredenens wit se ek al krekt yn hokker strjitten ast jûns let net wêze moatst: ‘Nee jong, dêr moatst écht net komme! Se skuorre dy sa fan de fyts!’ ‘Hoe wist dat?’ freegje ik dochs noch mar eefkes foar de wissichheid . ‘ Fan Lennart fansels!’
Ja, fan wa oars ek! Lennart wennet ommers syn hiele santjinjierrich bestean al yn ien fan de flats dêr’t we lâns komme. Hy is berne út in spierwite mem en in fuortrûne swarte heit. Hy makket oan ien tried wei stienhurde rasistyske grappen oer himsels. ‘Hy mei dat!’ fynt myn dochter, wylst se in foto fan de bûtenkant fan de flat makket en oan him ferstjoerd. ‘Fia syn eigen wifi’ gnysket se tefreden. ‘Creepy!’ is it antwurd fan de jongeman yn kwesty, Dat lêze we yn de túnsaak as se ek dêr wer gau oanheakket oan gratis ynternet.

Lennart, Zoë, Lars en Jelle. Grappich hoe gau’t de nije nammen fêst ûnderdiel wurden binne fan de taalwolk dy’t om ús keukenstafel thús hinne hinget.  Cute, salty, fixe, fruity, al as gjin boyfriendmaterial en genderfluïde binne ek fan dy nijkommers, al bin ik der net hielendal wis fan oft alles dêrfan har unike bydrage is. Broer en sus taalfersmoargje en/of -ferrykje ek aardich mei fanút de middelbare skoalbanken. De measte nijichheden binne Ingels of lykje dêrop. Mar it ôfrûne wykein waard ik traktearre op ien fan eigen boaiem.
Dêrfoar moat ik earst noch wol eefkes werom nei in lyts drama in wykein earder. Hector, ús mini-tiger, stoarme moarns nei de brokjes de doar út en waard eefkes letter troch myn oare helte betrape op it libben plôkjen fan in swarte klyster. We ha noch besocht it bistke te rêden, mar de deis dernei lei er dochs stiif yn syn kartonnen doaze. ‘Smerige lijsterbijter!’ biet de oare helte ús tiger ta. ‘O! Dy is ek moai yn it Frysk!’ preau dochterleaf.
Dochter en ik soene út iten as kroan op ús stedske wykein. It wie per slot wer foar it earst nei de lêste lockdown dat dat wer koe. Handich googele se ytgelegenheden te foarskyn en nei seis kear fol, fûnen we dochs noch in reservearber plakje yn in all-you-can-eat sushitinte. Wol wat letter op de jûn, net hielendal earste kar, mar toe mar. In útnûging fan de húsbaas en syn leave dochter om mei te iten, lieten we der foar rinne. We stiene kreas om kertier oer achten foar it restaurant en sleaten oan by de dochs wol wat ûnrêstich meitsjende rige minsken foar de doar. Nei tsien minuten kaam de Aziatyske eigner net mear hielendal stoysijnsk nei bûten. It spiet him tige, mar troch in technyske flater wiene der twahûndert reservearings oannomen foar 8 oere, hy moast dêr no noch tachtig man fan plak jaan en wol gewoan om tsien oere ticht, dat mei ús allegearre soe it neat mear wurde. It spiet him tige!
Us ek. We tochten mûlwetterjend werom oan de hearlike rook dy’t opstiigde út de keuken fan de húsbaas. Mei selsmeilijen en de búk fol patat en nei rubber smeitsjende sojahin, belânen we op myn útfanhuzersmatras foar in Netflixfilm. Beide wyls drok breidzjend- hip & handich ommers. As wie dat noch net multitaskjend genôch, brocht dochter Lennart, Zoë, Lars en Jelle fia whatsapp op de hichte fan ús wederwaardichheden. Gibeljend liet se witte dat Lennart ús in steltsje naïve provinsjaaltsjes fûn. Blykber is ôfbrâne it nije leaf. ‘Wacht eefkes, wat wie Hector ek al wer?’ freget se my en typt dalik ‘Smoarge klysterbiter!’ oan har absolute no-boyfriendmaterial besty. En doe kaam er fan dy leave lyste duopenotti-Lennart dy ûnwersteanbere mix tusken in SOA en in soarte fan sushi dy’t grif net op de kaart stie by ythûs Kimono:
‘TRUFFELKUT!’ skreau er.
‘Dy wer!’ gnyske myn dochter.
Doe’t we einlings útlake wiene, frege ik har: ‘Hoe fersint er it?’ Dat bliek in ein minder yngewikkeld en ek flink minder ranzich as tocht: ‘O, we fregen ús lêsten ôf by hokker ôfdieling fan Zweinstein we hearre soene. En Lennart koe Huffelpuf net goed útsprekke!’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *