Beart Oosterhaven

Aginda 02-04-2022 o/m 25-06-2022 : ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

logo.ensafh

Fan 2 april oant 25 juny toere sjonger ZEA en ik troch Fryslân. Wy hoopje jim te treffen!

02-04 – SNEEK – BOLWERK

09-04 – MAKKUM – DONIAKERK

10-04 – KOARNJUM – NICOLAASKERK

15-04 – LEEUWARDEN – WESTERKERK

23-04 – FOUDGUM – MARIAKERK

24-04 – DRACHTEN – MUSEUM DR8888

29-04 – BUITENPOST – MeM

01-05 – DEDGUM – SINT JORISKERK

07-05 – BLESSUM – MARIAKERK

14-05 – JORWERT – REDBADTSJERKE

15-05 – AMSTERDAM – CAFE EIJLDERS

22-05 – EXMORRA – DICHTER OP DE DEEL

28-05 – LEEUWARDEN HUIZUM – DORPSKERK

29-05 – BEARS – MARIAKERK

25-06 – HARLINGEN – LITERAIR FESTIVAL

Tickets binne te finen op de website fan produksjehûs Explore the North: https://www.explore-the-north.nl/

ZEA spilet nij wurk fan Witst noch dat d’r neat wie

Yn novimber wie de release fan Witst noch dat d’r neat wie, it twadde Frysktalige album fan ZEA en in koproduksje fan Explore the North en de Popfabryk. De releasetoer moast troch de coronamaatregels foartidich ôfbrutsen wurde, wêrtroch’t ZEA it wurk fan syn twadde Frysktalige album foar it earst op de Fryske poadia presintearje sil by de Skuorre- en Tsjerketoer. Witst noch dat d’r neat wie kenmerket him troch yntime en poëtyske teksten en muzyk, wêrmei’t it bûtengewoan geskikt is foar lytsere poadia lykas tsjerken.

Arnold de Boer: “Foar de tastânkomming fan Witst noch dat d’r neat wie ha ik gearwurke mei ferskillende (ynternasjonale) artysten. It is in hiel talich album wurden, wêryn’t poëzy in grutte rol spilet. Tsead hat my holpen mei in oersetting fan ien fan myn Fryske teksten. Wy wurkje geregeld gear; syn poëzy en myn muzyk slute hiel goed byelkoar oan, ék ynhâldlik, wy wurde rekke troch deselde tema’s. Dus dizze mienskiplike toer, wêrby’t we los fan elkoar ús eigen nije wurk hearre litte én wy tegearre optrede, fielt hiel natuerlik.”

Nije bondel Tsead Bruinja ‘Ynbêde / Ingebed’

Dichter Tsead Bruinja draacht by de Skuorre- en Tsjerketoer wurk út syn bondel Ynbêde / Ingebed foar, foar in part yn gearspul mei ZEA. Ynbêde / Ingebed komt op 25 maart út by de Afûk. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde en libben yn in rûzige perioade fan Bruinja syn libben, mar ek libbensferhalen fan oaren. Tsead Bruinja: “As Dichter des Vaderlands gie ik mei Arnold, in (wikseljende) gastdichter en fotografe Rosa van Ederen by Fryske fersoargingshuzen lâns. Dêr gienen wy yn petear mei âlderen oer harren jeugd en libben, en dêrnei ferwurken wy dat meielkoar yn in lietsje.” De toer droech by oan de bân tusken De Boer en Bruinja: “De âlderen dielden hiel yntime persoanlike ferhalen mei Rosa, Arnold en my, ûnder oaren oer hoe’t sy de Twadde Wrâldoarloch meimakke ha. Dat soarge derfoar dat wy jûns yn it hotel oan it diner ek ferhalen begûnen te dielen oer ús âlders en pakes en beppes.”

De Skuorre- en Tsjerketoer is in koproduksje fan Explore the North en Popfabryk. De beide produksjehuzen Explore the North en Popfabryk wurkje faak meielkoar oan produksjes op it snijflak fan popkultuer en taal/literatuer. Explore the North en Popfabryk binne teffens koprodusint fan ZEA’s album Witst noch dat d’r neat wie. De bondel ‘Ynbêde / Ingebed’ wurdt útjûn troch de Afûk.

De toer kaam ta stân mei stipe fan Emmaplein Foundation, Boersma-Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, it Nederlands Letterenfonds en Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *