
Op sneontemiddei 5 maart wurdt yn OBE, poadium foar Fryske kultuer, de tentoanstelling KOR ONCLIN, FERWÛNDERING EN ÛNGERÊSTENS, iepene. Mei in seleksje skilderijen en objekten presintearret Tresoar oan de hân fan fjouwer tema’s in oersicht fan Onclin syn wurk. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan de makkers fan de tentoanstelling poëzy skreaun by wurk fan Onclin. In seleksje út dy gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.
De tentoanstelling wurdt nei in koarte ynlieding fan ûnder mear kurator Yvonne Willems en Kommissaris fan de Kening Arno Brok iepene mei poëzy en muzyk. Edwin de Groot sil dan syn gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’ foardrage.