
Oere en tiid hâld ik yn eigen hân
Lit waarme wyn út ’e easthoek’ waaie
Triuw wolkeskaden nei it ljocht werom
Stek draken nei de kroan oant sturten swaaie
Dan bisto de keninginne fan de simmer
Mei paazjeflinters ûnder azueren loften
In harmelingen mantel kinsto wol sûnder
Gjin skepter mei gesach, do bist
Myn eigen Heecheid boppe op it helmdún
It fuotfolk jubelet op it skulpestrân
Mei royale glimk wiuwsto werom
Yn in wink glydt de simmer troch de dagen
It blau jout lang om let belies
Wyn wer baas oer strân en weagen
Honkfêst wiest nea; woelich as in aaisiik hin,
Lôgjend dyn langst nei ûnbekende oarden
Dyn gean wie net te kearen, mar al nei dizze simmer..?
Us slot fersloffet, grize reagen, swamflokmuorren
Toffels op ’e matte, dyn wynjek oan it heakje
Krommels op ’t matras, noch in spjelde by de spegel
Mannich kear ferlei ik ús núnders by it finster
Fuotprinten yn it sân brochten my nearne hinne
Dyn beaken wie de noardersinne