Jelma Knol

Jouwert Jouwertsma

logo.ensafh

Soms is it hearlik om werris kleare antymilitaristyske taal te hearren:
‘De keunst fan it minskeslachtsjen telt ús net ûnder har ferearders. Mar wy leauwe ek net, dat immen dy’t dizze Soldate-brieven lêst, folle mei de militêre saken opkrije sil. Hja jouwe in dúdlik byld fan ’t soldatelibben, hja binne wier. Inkelden soene sommige útdrukkingen dy’t deryn foarkomme, wol beskave hawwe wolle, mar dêrmei soe ’t wiere weifalle, en just de wierheid is learsum.
No springt it yn ’t each, wat ferbetteringen der nedich en mooglik binne. As wy jit in leger hawwe moatte, dan is ’t wis net om oan te fallen, mar allinne om ús festinglynjes te ferdigenjen. Ferdigeners fan ’t heitelân hoege gjin hûnen te wêzen. Is in saak edel, dan hoege hja dy’t dêrfoar stride moatte, net ta bisten oplaat te wurden. En men makket ommmers fan minsken bisten, as men har as bisten behannelet.’
Dat stiet (ûnder mear) yn it foaropwurd dat Oebele Stellingwerf meijoech oan de boekútjefte fan de Soldate-brieven. Dizze brieven fan in tsjinstplichtige yn Noard-Brabant wiene ûnder it pseudonym Auke publisearre yn it Friesch Volksblad (1877-’78).
De Soldatebrieven binne op ferskillende wizen tige nijsgjirrich. Se kypje der út omdat se treflik skreaun binne. Mei in fyn ynleine humor dy’t ek hjoeddedei noch oansprekt, sketst de skriuwer it faak hurde deistige libben fan de tsjinstplichtigen yn Noard-Brabant en de hufterichheid fan har ivich en altyd flokkende superieuren. Allinne al de beskriuwing fan de ‘teorylessen’ en de dêrop folgjende praktyk krige my no noch oan it laitsjen. Net dat der safolle humor yn it libben fan de tsjinstplichtigen siet. Se moasten trochmarsjeare op stikkene fuotten, krigen iten dat net te fretten wie en foar it lytste akkefytsje (gnize om in meardere bg) waarden dagen sel foarskreaun. Guon anekdoates litte sjen dat der ek net safolle feroare is ferlike mei de mentaliteit fan no. Soldaten krigen in ferplichte pokke-ynjeksje mar guonnent wreaune daliks tabakssop op it ynjektearre plak yn de hoop dat se de ynjeksje dêrmei ûngedien makken. Antyfaksers binne fan alle tiden.
Achter de skûlnamme Auke siet de 19de iuwske folksskriuwer en dichter Jouwert Jouwertsma (1857-1889). Hy wie my ûnbekend oant ik syn lange fers ‘Tryn Raarrob’ lies yn de okkerdeis ferskynde rôze sammelbondel. Mar Rients Aise Faber is al folle langer dwaande mei syn libben en wurk en hy hat no by de Hispel in treflike kar út syn wurk fersoarge ûnder de titel Lang haw ‘k net nei skoalle west. Dy titel komt út it earste gedicht út dizze bondel, ‘Foarwurd’. Jouwertsma fertsjinne de kost as smid, ûnder oaren yn Snakkerbuorren by Ljouwert. Hy stoar, noch mar 31 jier jong, oan in longûntstekking. Syn frou en hy hiene de helte fan harren bern al jong ferlern. De tiden wiene hurd oan de ein fan de 19de iuw, Dizze jonge húshâlding koe der oer meiprate.
Skearnegoutum wie it berteplak fan Jouwertsma, in plak dat ferskuord waard troch de tsjerkestriid tusken liberaal en otterdoks. De lytse Jouwert waard op de legere skoalle foarme troch in treflike, frij tinkende geast, master Smeding, dy’t de bern ek Frysk skriuwen bybrocht.
Jouwert Jouwertsma wie grif ien fan dy minsken dêr’t fan sein wurde kin dat se in fin mear hiene as in bears. Neist de lange wurkdagen ’e smidte fûn er dochs de tiid en ynspiraasje om mei it doarpstoaniel dwaande te wêzen en fersen te skriuwen. Hy publisearre ûnder oaren yn it Friesch Volksblad, in progressive krante. Syn Soldate-brieven wie sa populêr dat se oan twa kear ta yn boekfoarm útkamen. Dy brieven, mei in tal rymstikken en in prima skets fan it libben, wurk en de historyske en sosjale kontekst fan Jouwertsma en syn tiid, foarmje de kearn fan dit boek.

Jouwert Jouwertsma
Lang haw ’k net nei skoalle west
Teksten en fersen fan Jouwert Jouwertsma (1857-1889);besoarge en ynlaat troch Rients Aise Faber
Hispel, Loenen aan de Vecht 2021
ISBN.EAN: 978-90-74516-43-3
Tal siden: 208
Ferkeappriis € 19,50

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *