Teleks: Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem

logo.ensafh

De Afûk skriuwt: Wy lokwinksje I.E. Bloem mei it winnen fan de Simke Kloostermanpriis 2022! De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem, yn 2021 ferskynd by útjouwerij Afûk. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg bekendmakke.

Oare nominearre boeken wienen In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen. It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan de skriuwer, in nije stjer oan it Fryske firmamint dy’t ûnder pseudonym publisearret.

Lês fierder by de Afûk

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *