Piter Boersma

de dirk a. lambertszkade del

logo.ensafh

 

 

fan de fechtkant ôf de kade del
in iere maaitiidsdei begjin maart
de sinne skynt út in skjinne loft
it eastewyntsje is noch wat skraal
ea de skieding tusken ûntginnings
rint de kade no troch it wetter
rjochts beskut it wetterwingebiet
dan de iepen loenderfeanskeplasse
lofts earst in sleatsje en in stik lân
dan de rûne iepen wide blik
it sicht frij om’t alles noch keal is
it pluzich restant fan sigaren
op frijsteande brúngiele stâlen
de stoarmen fan in pear wike lyn
ha slim húshâlden in ravaazje
de elzebeammen yn folle bloei
de manlike hingjende katsjes
de froulike aaifoarmich rjochtop
wy jouwe ús op in bankje del
dat ús earder net opfallen wie
myn frou hopet op iisfûgeltsjes
dat se hjir binne heart se altyd
noch nea ha wy se te sjen krigen
en dan is dêr ús fêste bankje
yn ’e lijte fan strewelleguod
by de útsjochtoer op it westen
it is it útsochte plak foar ús
in sparkeljen fan tagedienens
ik beklim even it útsjochpunt
eagje nei merkels en túfeinen
hear dan noch ien de trep op kommen
yn fytsklean mei in fierrekiker
ik hear him iisfûgeltsjes sizzen
oft ik se al sjoen ha freget er
nee mar hy oant no ta ek noch net
hy wiist dan nei in stripe tichby
op wat dat op in betonplaat liket
en dêr rjochtoerein yn ’e wâl stiet
in nêstplak foar iisfûgels seit er
ta ferfanging fan hege wâlen
yn de plaat in tal fleangatten
yn de opmsiten grûn dêrachter
harren nêsten in soarte fan tunnels
yn de tiid dat se jongen hawwe
sjochst de âlden yn- en út fleanen
dat sil myn frou moai fine sis ik
en begjin tsjin de fûgeltsjeman
oer de stoarmskea op it kadepaad
hy fynt dat it foar de natuer goed is
de stoarmen ha opromming hâlden
ûnder dat wat swak en tenein wie
sûn en sterk krige sa de romte
him tankjend foar wat er ferteld hat
en foar syn wize wurden gean ik
om myn frou optein by te praten
mar sy hat it allegear al heard
wie gau by it wurd iisfûgeltsje
oereinsketten en neierkommen
sa sjochst mar seit se dat in praatsje
mei immen jin fertuten dwaan kin
op de dirk a. lambertszkade komst
altyd fytsers en kuierders tsjin
oft al of net groete wurde sil
sjochst meastentiids wol oan de eagen

1 reaksjes op “de dirk a. lambertszkade del

  1. Moaie kuier yn in moai fers (by de Burgummermar ek noch gjin iisfûgels sjoen)…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *