Teleks: Werhelle oprop fan de iepenstelling fan de 68ste Rely Jorritsma-priisfraach

logo.ensafh

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15
maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de
ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif
fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei
1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan
rely@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail
fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Rianne
Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. Foar mear ynformaasje
sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *