Henk Nijp

Errors

logo.ensafh

Error 404, of faaks ‘fout tijdens verzenden, 0x800CCC78’, hoe faak soe frou Biesheuvel-Vermeijden dy meidielings op har byldskerm foar har noas krigen ha. Of soe se nei twa kear tocht ha ‘ach, lit ek mar ..’? Jaqueline Biesheuvel-Vermeijden hat al in moai skoft de funksje fan ‘ûnôfhinklik adviseur yntegriteit foar leden fan de Twadde Keamer’. Om krekt te wêzen sûnt 1 jannewaris 2020. Dus al rom twa jier. Yn al dy tiid hat it bêste minske mei mar ien (1) inkelde fraksje kontakt hân. Yntegriteit is dochs wol in ûnderwerp fan gewicht yn ús parlemint soe men sizze, genôch akkefytsjes ha sa út en troch de krante helle. Yn har jierferslach, dat grif net al te folle siden tusken it omkaft ha sil, jout se koroana oan as grutte spulbrekker. Troch dy koroana koe se fansels net al te folle fysyk kontakt ha. Nee, mar wol op oardel meter en in mei mûlekapke, dochs? ‘Zoome’ of ‘Teams’ wie net in grut probleem foar de measte bedriuwen, skoallen en oare ynstânsjes. Blykber wol foar Jaqueline. Dêr komt noch by dat har e-mailapplikaasje hieltyd minder meiwurkje woe en op it lêst folslein tsjinstwegere. Dêr is se doe mar mei opholden, mei e-mailen. Gjin admin of fasilitêre tsjinst yn ’e buert fansels om der even nei te sjen. Net te berikken want de e-mail die it ommers net. Telefoan hat se blykber net. En dan hâldt it dus op. Wat soe se dan dien ha yn al dy oan har beskiber stelde oeren?
It is wol wat mei de ICT-struktuer fan ús oerheid. De belestingtsjinst kin earnstige flaters net rjochtbreidzje (Taslaggen-affêre) om’t de ferâldere kompjûter-programma’s dat net oankinne. De jubeltonwet bygelyks, de stipe fan âlden oan bern dy’t om in hûs sykje, dy’t sa moai like mar efterôf dochs net goed foldocht, kin net op tiid ôfskaft wurde fanwegen dyselde kompjûters. Al sûnt skoften binne der swierrichheden op it mêd fan de oerheids-ICT. Ik neam samar in hântsjefol op: fernijing fan de Gemeentlike Basisadministraasje, it Elektronisch Pasjintedossier (EPD), de OV-chipcard, de ynfiering fan it C2000-kommunikaasjenetwurk foar plysje en helptsjinsten. Allegearre projekten dy’t in ûnbidige protte tiid en bergen jild koste ha.
Is der no alris wat ferbettere? Ha se fan al dy flaters wilens wat leard? Anno 2022 liket der noch neat feroare te wêzen, tink mar oan de oanhâldende ICT-problemen by de lanlike en regionale GGD-tsjinsten by it koroanatest- en -prikbelied, de iene steuring hapte de oare yn ’e sturt. Ek in nij ICT-systeem dêr’t alle gemeenten mei wurkje moatte foar de nije Omjouwingswet rint efterop. Dat systeem is fan belang om it tekoart oan wenten werom te bringen mar kin net brûkt wurde om’t de amtners der neat mei kinne, want te kompleks. In wet oangeande dat wenteprobleem is al in jier útsteld fanwege it rammeljende ICT-systeem, dêr komt no op syn minst noch in jier by! En it wentetekoart boazet mar oan….
No’t de ynflaasje mei faasje út ’e bocht fljocht en de enerzjyprizen dêr hurd efteroan drave, of krekt oarsom, wol de regearing ús dochs in bytsje yn ’e mjitte komme troch in stikmannich BTW-tariven te ferleegjen. In nommel stribjen fansels mar ja, dat ferhipte Windows 98! De belestingkompjûters rinne fêst of wurde te hyt en blaze helpt net. De ferleging fan bygelyks it BTW-taryf op griente en fruit nei nul (0), sil noch jierren op him wachtsje litte. No, dat kin helpe. De legere BTW op benzine en diesel kin dan ynienen wer wol per 1april trochfierd wurde! Mar dat jildt ynearsten mar oan ’e ein fan it jier ta. Soe dat allegearre goed útpakke? Moatte jo ris oan de belestingtsjinst witte litte: ‘Achte Ynspekteur, It giet oer it folgjende: myn laptop wurdt wat stadich en kin de hjoeddeistige oanjefte net goed mear oan. (Hy is ek al fan 2017!). As it wat meisit en der net al tefolle tusken komt ferwachtsje ik dat jo myn oanjefte oer 2021 healwei augustus 2025 yn ’e hûs ha. Hoopje ik alteast, spikerhurde garânsjes kin ik lykwols net jaan. Mar ik doch myn bêst en wurkje der hurd oan. Mei ik oannimme dat ik jo hjirmei foldwaande ynformearre ha? Mei freonlike groetnis, ensfh.’ Benijd wat der dan folgje soe…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *