
De wrâld is der al”, mei dizze moaie wurden naam prof. Joana Duarte dizze wike, twa jier nei de start, har bysûndere learstoel Wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis oan de UvA fanwegen Stichting Nuffic oan.
It wie in meartalich feest, mei wurden yn it Nederlânsk, Portugeesk, Ingelsk en fansels Frysk. De seal siet fol mei wrâldboargers en wrâldboargers yn wurding, mei in prachtich Frysk rantsje. Want in part fan Fryslân wie útrûn om prof. Duarte te lokwinskjen.
Duarte wiisde op allegearre aspekten fan wrâldboargerskip, dêr’t it ynklúzje rekket, hoe’t it yn it ûnderwiis in plak fertsjinnet en wat de Unesco-definysje fan wrâldboargerskip as ferbûnens tusken regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal betsjut. Mar, se joech ek stof ta neitinken oer ús eigen gewoanten. Sa wiisde se op it ferskil tusken nei bûten rjochte wrâldboargerskip, koartsein as wy de wrâld yngean, en nei binnen rjochte wrâldboargerskip, as wy de wrâld nei ús ta helje en it talige en kultureel ferskaat binnen ús netwurk besjogge.
Lês fierder by Omrop Fryslân