
Op it stasjon fan it Fean wie de drokte fan de spits al oer, de reboelje en opskuor ek. Skjinmakkers dienen mei hege druk alle war om in plasse bloed fan it perron te spuitsjen. Fuotbalfans hearde ik ien mompeljen. Ik seach wach oer it skouder. Gjin rikjend fjoerwurk mear.
Mear as heal leech lûk de trein flot op. Yn Swol waard it drok. Jongfolk foar it meast. In fjouwertal hoody-maten naam oarekant it gongpaad wat balstjurrich sit. ‘Stilte kûpee’, balte daliks in bazich frommeske achter har. De mannen taaiden fuort ôf. Sigrettereek en weedlucht bleau noch even hingjen.
Lês fierder by Wobbe Atsma