Marcel Plaatsman

Yn it museum

logo.ensafh

No’t ik wer in museumkaart ha, en twa berntsjes, sjoch ik no en dan in museum fan binnen. It sil in jier of tsien lyn wêze dat ik foar it lêst in museumkaart hie. Wol wurke ik noch in hoartsje yn in biermuseum, mar dat wie in âlderwetsk museum, mei ynformaaasje en in gronology en fan dy dingen. Wat ik tsjintwurdich yn museums sjoch is hiel wat oars.

Yn ’e trein nei it Spoarweimuseum hie myn âldste soan it hieltiten oer it ‘Stoomtreinmuseum’. Dat koe wol wier wêze, dat we nei in museum oer stoomlokomotiven ûnderweis wiene, dat de oare lju yn ús treintsje begriepen him wol. It wie ek in spesjaal treintsje foar it museum, dat fan Utert ôf nei in fiadukt rydt, dêr in skoftsje stil steat en dan yn ’e oare rjochting fierder rydt nei dat museum ta. We stienen noch stil doe’t hy oer syn ‘Stoomtreinmuseum’ begûn en de hear tsjinoer ús, dy’t mei syn pakesizzers ûnderweis wie, sei doe ‘it is wol oars wurden’. Dat, sa’n museum wurdt samar wat oars as wat it earst wie, dat is ek wer sa wat.
Soks hienen we by it Biermuseum no nea hân. Dêr prate it bestjoer wol oer dat it oars moast mar dat bestjoer die net oars as prate. Ik hie doe in kear sein: ik fervje de muorren mei krytferve swart en dan sil ik dêr in ferhaal op tekenje, fan hoe’t bier makke wurdt en hoe’t in brouwerij der eins útsjocht, dat is dochs ek in soarte fan modernisearjen, it koe sels fan hip hjitte, krytferve ha se ommers ek yn hippe tintsjes. Geweldich wie dat idee, no! It bestjoer prate ôf dat we dat dwaan soene en dêrnei barde der hielendal neat. Mei’t myn âldste soantsje berne waard tocht ik, ik sil mei dat museum mar ophâlde ek.
Mar no haw ik dus dy museumkaart. We kamen oan yn it museum en doe foel it my earst noch ta.
‘Wat sei sa’n man no, ik sjoch yn alle gefal âlde treinen.’ Mar ien kear binnen waard ik gewaar dat it Spoarweimuseum eins hielendal gjin museum is. In museum kin samar sa oars wurde, dat it in pretpark wurdt of in merke. It biermuseum moat it oars mar ris mei seehûnen prebearje, dan sille de toeristen wol komme. We seagen wol stoomtreinen hear, jawis, mar dy âldste trein fan Nederlân, de Arend, dy seagen we net. It kaam út dat dy lju dat ding yn in soarte fan spûkhûs ferburgen hienen. Earst moasten we ticht tsjininoar oan stean yn in healtsjuster keammerke en dêrnei wie dat keammerke in hompende lift. Ik hold myn soantsje in de earmen, it gie alle kanten op, mei in daverjen dat ik tocht dat dêr wat stikken wie. Mar it wie it museum dat oars wurden wie. Nei dat keammerke kamen we yn ’e Efteling en dêr stie dy âlde trein, de Arend, ik hie der sels ek hast gjin each mear foar. In oere letter sieten we yn in achtbaan.
It hie my net fernuverje moatten. We hawwe bygelyks ek al yn in âldheidmuseum sûnder gronology west, yn in stedsmuseum mei allegearre pratende televysjes, yn in oar stedsmuseum mei noch mear televysjes en noch minder gronology en net iens mear it byldsje dat ik dêr tsien jier earder it moaiste fûn. Der is wat oan ’e hân mei museums en dat hat wat te krijen mei bestjoerders dy’t prate, mar mear begryp ik der noch net fan.

Faaks is soks yn Fryslân oars. Wy wenje net yn Fryslân, mar yn Alkmar. It is hast in oar lân, myn soantsje neamt Fryslân ‘Omke Ûle-lân’, nei it boek fan Paul van Dijk, oer in ûle yn in achtbaan. We hienen in pear wike lyn noch it plan om nei in museum yn Ljouwert te gean, mar doe’t myn soantsje en ik dêr wienen fûnen we it sok prachtich waar, dat we gienen mei de earste trein nei Harns ta, foar it wetter en de boaten. En mei’t er de wurden see en museum noch net hielendal útinoar hâldt, wie it foar myn soantsje museum genôch – mei seehûnen en al.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *