Lomme Schokker

Identiteit en kreativiteit

logo.ensafh

‘Do silst en moatst einlings in kear mei my nei it Sokratysk Kafee yn Amsterdam. No ris net eamelje oer gjin tiid of gjin nocht of te djoer of de frou wol it net ha, it praktysk filosofearjen dêr kin dy helpe om pas echt de skriuwer te wurden dy’tst sa graach wêze wolst.’
Sokssawat sei myn freon de psycholooch in pear wike lyn, doe’t ik him fertelde dat myn beide bern totaal gjin fidúsje hiene yn myn potinsje om ea noch wat ferstannichs te skriuwen.
Ik hie nammentlik meidien oan in ferhalewedstrydsje fan de boekewinkel hjir om ’e hoeke yn Lisse yn it ramt fan it boekewiketema. Foar de feroaring koene de bern, dy’t gjin wurd Frysk prate of lêze, myn skriuweraasje sa dus ek ris meimeitsje en belibje. (De Fryske ferzje fan dat ferhaaltsje stie ûnder de titel Fluesketin en blauprinte leafde as kollum begjin april op Ensafh.)
‘Hoe komt heit der by om soks malloatichs te skriuwen as “hoe doorzoen ik je achterste huig” (dat yn dy Fryske fariant verwurden wie ta ‘hoe tongtútsje ik dyn mûleboppeste siel’)? Myn argumint dat net harren heit fan hast santich, mar dy syn 16-jierrich puberaal oerdwealske en o sa mei himsels ynnommen alter ego dit skreaun hie, foel by beiden as spek yn hûnenêsten fan ûnbegryp. Se skammen harren foar my, dêr kaam op it del.

Dat sneon 29 april siet ik foar filosofysk selsûndersyk yn it Huis van de Wijk Lydia yn de omkriten fan it Konsertgebou yn Amsterdam op syn Sokratysk te petearjen yn in subgroep mei fiif froulju ûnder it tema Identiteit en Kreativiteit. Mei de reaksje fan de bern as illustratyf foarbyld hie ik my fan tefoaren op it tema taret en in pear fragen formulearre oer oft in skriuwer troch skeppingskrêft in eigen identiteit mei bepale kin. Net ‘hoe’, want dat komt te deun by psychologysk gepiel en dêr giet it net om yn de filosofy. Hokker selsferklearre nijbakken identiteit as skriuwer wie hjir oan ’e oarder? Hat immen yn syn of har ferskillende maatskiplike rollen ek ferskillende identiteiten? Bin ik dan noch ‘echt’, of wrachtich autonoom? Wat hat kreativiteit hjir mei te meitsjen? Wa bin ik? Wa wol ik wêze? Ast ien kear kear begjinst mei fragen te stellen bliuwt der amper tiid oer om se te beäntwurdzjen.

Dat die bliken, de fragen ferfleagen al rap as skimen oer it sokratysk plato fan it Museumplein. De oare dielnimmers yn myn groepke hiene skriften by har om alle foarbykommende fragen te notearjen. Dêr hie myn maat my net foar warskôge en ik fielde my wat ûntriifd sa sûnder skriuwark op dit krúsjaal moment fan myn te ûntjouwen identiteit. Lokkich krige ik fan alle kanten papier en pinnen oanrikke om myn gedachten en ynjouwings dochs noch fêst te lizzen foar myn neiteam.
Mooglike antwurden op myn fragen haw ik noch net fûn, mar soarje wol earne troch myn siel. Nije fragen sjitte algeduerigen yn it sin. Dy moat ik in oare kear mar by it folgjende tema fan it kafee ynbringe. Moat ik mear yn it Hollânsk skriuwe? Of hjir yn Hillegom in eigen boekesaak begjinne? Miskien faker yn de wrâld útfanhûs wêze?

Tûke keardel, dy Sokrates, der siet in goede kop op! Hy moat witten hawwe datst in oar net freegje moatst te wêzen wat er net is, en noch minder datst fan him fregest om te wêzen wat er al is.

2 reaksjes op “Identiteit en kreativiteit

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *