Henk Nijp

Hofkesjonge

logo.ensafh

Sa bliid as in protter stoarmt er ús temjitte en fljocht ús yn ’e earms. It is in pear wike ferlyn dat wy elkoar foar it lêst sjoen ha. Hy soe al op bêd en wy komme him eins wat oer it mad. Mar nei’t wy elkoar even bêst oankrûpt hiene joech er him bjusterbaarlik gau del.
De oare moarns is er der alwer betiid by, foar it moarnsiten hat er al fan alles by de ein hân: hy hat kofje setten, in panfol hjouwermout makke, de ûne fol mei taartsjes treaun en doe moast der ek noch klaai-pizza komme. Alle hannelingen wurde troch himsels sekuer fan kommentaar foarsjoen. “Eerst dit pake, dan dat en dan dat er ook nog op …” En doe’t al dat itensguod neffens him no wol iten wurde koe krigen wy dat foarsetten, dat wy moasten oanite.
Nei de ‘echte’ kofje is it tiid om nei de winkel, in loopke fan in lytse tsien minuten. Gewoanwei dan. It die bliken noch in hiele ûndernimming te wêzen no’t er sels dat eintsje wol rinne kin en net mear yn ’e buggy wol. Der is nammentlik ûnderweis in protte nijsgjirrichs te sjen. It begjint al bij de brievebussen, al dy klepkes kinne ien foar ien iepen! En dy jouwe ek noch moai lûd as se wer tichtfalle. Soks útteste kin in moai skoft duorje …. Dan hipt der ynienen in ekster oer it trotwaar dy’t alle oandacht opeasket. Dêrnei sil er it pûdsje mei lege batterijen, dat er perfoarst sels meinimme wol, yn de ûndergrûnske kontêner foar restôffal smite. Aldergeloks kin er de swiere klep sels net iepen krije. Ik fertel him dat dy batterijen yn ’e winkel yn in spesjale bak moatte. En even letter krûpt der in lyts minikrobke oer de tegels. Sûnder bril hie ik it net sjoen, mar it hiele spoar fan it bistke wurdt, sittend yn ’e hoksen, folge oant it yn in foech yn ’e muorre ferdwynt. Dan stappe we wer fierder. Op ’e hoeke stiet in grutte kraan te draaien mei in protte lawaai en swaailjochten. Mannen mei giele pakken oan en wite helmen op binne dwaande in ûndúdlik mar skynber nochal swier pakket te fersetten, it moat nei de earste ferdjipping fan in tunneltsjinstgebou dat al langer as in healjier yn renovaasje is. It giet blykber net hiel flot dat de mannenraze en meneuvelje nochal wat nei inoar, úteinik komt it dan dochs te plak en kinne wy troch.
Sa’n hûndert meter fierder, by de winkel fan de fytsmakker, moatte alle fytsen dy’t bûtendoar foar de etalaazjeruten stean besjoen wurde. Benammen dy mei blauwe bûtenbannen binne prachtich.
De supermerk is al yn sicht mar earst moatte wy oer it sebrapaad nei oare kant de dyk. ‘Ik wil drukken pake …’ en as er op ’e teannen krekt it knopke yndrukke kin, springt it fuotgongersljocht fuort op grien en it tik-tik-tik-lûd lit him tagelyk hearre. In big smile ferskynt op syn kopke; dat hat er mar wat kreas regele! Wy toffelje yn rap tempo fierder.
Yn ’e winkel docht bliken dat ik gjin muntsje by my ha foar in winkelkarre. Wa hat tsjintwurdich noch kontant jild yn ’e bûse!? Wy hoege ek net in hiele protte te heljen, dat mei in kuorke sille we it ek wol rêde. Foar’t ik it yn ’e gaten ha, hat er de batterijen al yn in Supporter Van Schoon!-ôffalbak mikt, ik lit it no mar sa, oare kear better! De lytse man wol ek sels in tas beethâlde, dat heart fansels sa yn de winkel. As wy troch it klapstekje binne, begjint er entûsjast mei it sammeljen fan fruit. ‘Die appel pake’ en smyt ’m yn it kuorke, ‘en ook een peer.’ Wy moatte wol appels ha mar dizze krekt net dus ik bring ’m werom nei it krat dêr’t er útkomt. Dan hat er wilens ek al trije bakjes ierdbeien yn it kuorke set, mar dêr ha wy hjoed gjin ferlet fan. En bananen hoege wy dizze kear ek net. Lang om let komme wy fia de bôle, de kofje en de tsiis by de ‘toetjes’. Hy wit krekt hokker as mei moatte. Dan kinne wy troch nei de selsscan, dat giet moai flot en wy ha gjin kontrôle dizze beurt. Mar dan is der gedoch mei de bonuskaart, it wurket net goed en mear klanten ha der lêst mei, dat der stiet in lange rigele foar de servicebaly en no komme wy der ek noch by. Dat duorret it mantsje langernôch en hy begjint wat om te strunen. In lyts momintsje haw ik him net yn it each mar dan is er der ek alwer, gelokkich! Lang om let binne wy oan bar en de meiwurker fan de servicetsjinst breidet de bonusboel rjocht. Dan rinne wy mei de boadskippen yn ’e tas gau nei hûs want it hat derfan dat it reine sil. As wy thús de iterij oan it oprêden binne, toveret er út syn eigen tas in fleurich reade appel foar it ljocht. Triomfantlik hâldt er him omheech. ‘Lekker pake!’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *