
Myn tinzen weromhelje, wurden meitsje. Trije saken dy’t der ta diene. Ien: der wie dat hûs, lang lyn, in hûs mei keamers sûnder siel. Twa: dat wy stil praten binne. Te lang al, ús swijen duorret sûnder ein. Trije: it behaachlik begryp dat alles mei-inoar ferbûn is. Sa moat it wêze, hat mei útwikseling fan enerzjy te meitsjen. Op elk mooglik nivo. Hoe kin ik dêrfan witte?
Keamers sûnder boeken, sa wie it. Yn it hiele hûs net in boek of idee, gjin oantinken of prakkesaasje te bekennen. Keal en kâld. Nee, net keal. Prachtich spul, djoer spul, treflik en mei smaak ynrjochte. In feest foar it each, geryflik foar it liif. Mar gjin siel, gjin geastfermogens, gjin ferbining. Ik fielde my beheind. Behyplik en iensum. Weiballe.
Keamers sûnder boeken, sûnder kennis en wiisheid, gjin skiednis om fan te ferheljen, nearne begjinsels om mei út ein te setten. Wurden meitsje? Sûnder in bewiis fan bewustwêzen taastber om my hinne? It moast fan te fier weikomme. Ik fûn gjin fêstichheid, koe gjin tou of anker fine.
Wat hawwe no dy pear boeken yn myn kast dat it ûnbefetlik ynternet net hat? Wolst it echt witte? Dit warleas gedachtegoed op ’e planken is der foar my en foar my allinne. Feilber en beheind, mar ûnwjerlisber mines. Yn myn hannen. Under eigen eagen. Sels keazen. Dit bin ik. Ofbliuwe.
Wurden meitsje? Sûnder dyn wurden om my hinne? Wolst der soms in eachbegûcheling fan meitsje? De stilte tusken ús falt derby wei, wy mije de wurden as it fjoer, wolle dy wurden net fine. Wat falt der dan te meitsjen? Dy klok rint net fansels, moat opwûn wurde. As der gjin takomst is, hawwe wy dan op syn minst net in ferline om fan te ferheljen? Alde ferhalen fol fan enerzjy? Dus do begjinst.
Begjin mei wurden te meitsjen, begjinst samar in wurd. Kinst sels kieze. Dat wurd bekomt in aai. Kom, sis en lis it mar. In wyldjeiend wurd moat it wêze, skreaun ûnder eigen eagen en sêftsjes op it liif.
Sielen dy’t sykje en tinzen weromhelje, wêr fine wy dy noch? Yn ’e sliepkeamer, dus dyn romte sûnder ek mar ien inkeld boek. In pylgertocht tusken tekkens, fan twa kluzenerslibbens, twa stiiffêste sieltsjes, dy’t taastber sykje nei âlde krêften. It moat der wêze, tusken ús.
Weromhelje dy wurden, it iene mei it oare ferbine. Begjinne sûnder ein. Sa is it hâlden. Miskien wurdt it in lange simmer.
moai stik proaza … suver poëzij op plakken …