Pier Boorsma

mûzen

logo.ensafh

 

 

bin ik fan de minsken ôf
sitte der mûzen yn myn bêd
froulju geane by mûzen
op in stoel stean
bang at se binne
dat de mûzen trochkringe
yn har geheime iepening
ik slút al myn yn- en útgongen ôf
dochs hawwe de mûzen
de hûd om myn ears hinne
oanfretten
de dokter seit
-hawwe jo homoseksuele kontakten ?
leare se dat ek al
oan dy netsjese fakulteit?
ik moat eksperimentearje
as ik it ljocht
de hiele nacht oanlit
it binne by einsluten
nachtbisten
as se in rotteferstân hiene
soe ik se ôfrjochtsje kinne
de miljeutsjinst konkludearret
de mûzen ite by de buorlju
en komme by my
foar de ferdivedaasje
ik fyn it allegear bêst
as ik mar net
mei hoech te dwaan

1 reaksjes op “mûzen

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *