
Eeltsje Hettinga, de ferrassende, mar ek omstriden winner fan de Gysbert Japixpriis 2021 foar de fersen dy’t er as Dichter fan Fryslân skreaun hat, brocht yn dat selde jier tegearre mei akwarelliste Elske Schotanus de leporello (harmoanikaboek) De Hôven út. De makkers brûke nammers ynstee fan leporello de Fryske term rolprint.
It boekje is ferskynd nei oanlieding fan de manifestaasje ‘Hjerst Ritme Huzum’. Dit evenemint is folslein oan my foarbygien, mar faaks is it net trochgien fanwegen de koroana. De Hôven is útjûn by Stichting Cepher, in útjouwerij sûnder wurkjende webside…
De gedichten binne blykber skreaun nei oanlieding fan de skilderijen. Spitigernôch docht Hettinga yn guon fersen oan namedropping, ik mei der net sa graach oer. Ik leau grif dat Eeltsje ûnder oaren Bataille bestudearre hat, mar as lêzer hawwe jo dêr nei safolle oan.
De assosjative fersen (tolve stiks) lykje op mear as ien plak te ferwizen nei Hessel Miedema en de Ming-perioade, mar hielendal dúdlik wurdt it allegear net.
Faktechnysk sjoen kinne wy Eeltsje Hettinga wol om in poëtysk boadskip stjoere, mar faaks wol er ris ophâlde mei lytsbernige gjalpen as ‘rûtsj-rûtsj-rûtsj’, ‘zoeff, zoeff’ en ‘hap, hap, hap’. Dêrfoaroer befettet De Hôven ek moaie rigels lykas ‘Klokken rôlje de hôven oer, wylst/skimerjûntiid flearmûskes troch de oliven/tommelje lit. Inkeld spul fan skimen/…’
De akwarellen fan Elske Schotanus komme frijwat grimelich en snústerich op jin oer, net al te keapsjoch alsa.
My tinkt dat ‘De Hôven’ sjoen wurde moat as gelegenheidswurk, dat net sa folle om ‘e hakken hat. Mar faaks wie dat ek net de bedoeling.