
De ûnder pseudonym publisearjende I.E. Bloem hat mei syn/har young adult roman It neidiel fan de twifel de Simke Kloostermanpriis fan 2022 krigen. Dit boek hat Bas, in jonge stoïsijn, as haadpersoan. Bas is 16/17 jier âld, stammeret en wurdt dêrom, mar ek om oare redenen flink pest op skoalle. Mei ien fan de slimste pestkoppen, de idele en waanwize Vera, mei er nei Bergamo om fjouwer moanne lang Italjaansk etc te learen. Nei in moanne moatte se haljetrawalje nei hûs ta fanwege koroana. Underwilens binne de geheimen fan de Italjaanske Julia en de ferstoarne heit fan Bas knap yntrodusearre yn it ferhaal as spanningselemint. As lêzer witte jo fuortdaliks: wy kinne yn dit boek tragyk mar ek romantyk ferwachtsje.
Ik haw twa dingen mei dit boek. Psychologysk en kwa ferhaalopbou is it bysûnder knap skreaun. It docht my tinken oan de romans fan Sally Rooney en dat is perfoarst bedoeld as komplimint. Dat It neidiel fan de twifel bekroand is mei in literêre priis is sûnder mear in goede saak.
Mar. Fansels, mar. Fan in jongereinboek ferwachtsje ik dat der sa út en troch ek wat te laitsjen falt. Humor, relativearringsfermogen: de ellinde fan Bas, syn suske en mem is wol tige grut, de jonge draacht as âldste en snoadste in swiere lêst op syn skouders, mei syn ferantwurdlikheidsgefoel hat er nea de kâns krigen om bern te wêzen. Sokke omstannichheden bestean fansels en lykas sein: it ferhaal is bysûnder oertsjûgjend, mar is dêrmei noch gjin gaadlik jongereinboek. It is in roman foar folwoeksenen, in oanwinst foar de Fryske literatuer. In mar ek foar de taal. Kwa taalnoarm bin ik bêst reklik mar jo kinne ek te maklik troch de knibbels gean foar it hjoeddeiske brike Frysk. Op ien side komt it wurd lilk foar yn de sin fan ‘net om oan te sjen’ (foar moderne keunst) en dan ek nochris foar it normale lilk (Papà is lilk, kwea). Ik soe sizze: brûk dan foar ûnsjoch, ûnkreas of net om oan te sjen lillik as alternatyf, dan witte wy wat bedoeld wurdt. Sa slim (sorry muoilik, nee: lestich) is it Frysk net, hear. Minsken dy’t it noch lêze stappe wol oer soks hinne.
Dan it pseudonym. Dizze skriuwer debutearre mei in knap jongereinboek, Eudaimoania, yn 2020 by de KFFB en wurdt dus no troch de Afûk útjûn. Ik bin der perfoarst fan oertsjûge en no op ’e nij by dizze roman, dat it hjir net om in begjinnende skriuwer giet. De tragyk fan de KFFB is dat jo as skriuwer út dat fermidden gjin besteansrjocht yn it Fryske literêre fermidden hawwe. Jo wurk wurdt gauris folslein negearre, delset as lektuer. Moai dan dat der noch prizen besteane dy’t dat ûnrjocht sa út en troch rjochtlûke. Ik begryp wêrom’t de skriuwer I.E. Bloem foar in pseudonym keazen hat. Hy komt grif út in KFFB-nust, de namme Bloem ferwiist nei myn idee nei in bysûnder warbere en bejeftige famylje út dy rûnten dy’t de KFFB no al wer jierren artistyk en ek organisatoarysk oerein hâldt. Hulde dêrfoar. Mar earst en foaral: lokwinsken foar de skriuwer mei dizze priis.