Teleks: LIT-UP – nij Europeesk projekt foar promoasje fan literatuer yn minderheidstalen

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân en Ljouwert City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel? Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes yn Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.

“It projekt rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen”, fertelt Mirjam Vellinga.

Lês fierder by It Nijs

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *