Jelma Knol

It hûntsje út de Wâlden

logo.ensafh

Tjibbe Hooghiemstra en Douwe Kootstra hawwe in moai boek makke mei de Fryske stabij as haadrolspiler. Yn 2018 hie Tjibbe Hooghiemstra in eksposysje yn Museum de Belvedère yn Oranjewâld mei de Fryske Wâlden as ûnderwerp. Nyk de Vries, Douwe Kootstra en Tsead Bruinja skreaune teksten by dy útstalling, dy’t ek yn boekfoarm útbrocht is (mei de teksten yn ferskate talen) ûnder de titel Wâldman. Dy útstalling wie perfoarst gjin romantisearjende oade oan it lânskip en de frijbûtsers dy’t yn de Fryske Wâlden wenje. Nyk de Vries bringt de adat fan de wâldsjers knap ûnder wurden:

Wat seist? Iderien wist derfan, mar gjinien hat der wat fan sein?
Moast dat dan?
Wy laitsje ús de lul út ’e broek.
De saak ûnder de pet hâlde.
Dat is hoe’t it hjoeddedei hyt.
Dat kloppet wol sa ûngefear.

Douwe Kootstra komt yn Wâldman mei in ferhaal oer in stabij. Dy komt yn de smûke Wâlden in liuw tsjin en wit de úteinlike konfrontaasje mei dat bist op in slûchslimme, typysk Hollânske wize út de wei te gean. Alteast, dat kinst tinke as lêzer; der is neidat it ferhaal ôfrûn is, ek in oar, in bluodriger ein tinkber. Deselde ûnsichtbere driging sit yn de keunstwurken fan Hooghiemstra yn Wâldman. De lêste skilderijen yn it boek suggerearje geweld, moard miskiens sels. Kootstra syn ferhaal ‘Grut en giel’ is ek opnommen yn Stabij.
Hooghiemstra lit yn dit boek in mear tagonklike kant fan syn wurk sjen. De stabijen op de talrike tekeningen besteane út in pear blauswarte plakken, dê poaten ensfh binne mei inkelde flotte halen delset. De tekeningen litte de stabijen (it giet om ferskillende hûnen) sjen yn alle mooglike hâldingen. Soms sjochst wat fan eagen yn de kop, meastentiids net. Mar dat de stabij de minske wol deeglik yn de gaten hâldt mei noas en eagen, sels yn syn sliep, komt út de ferhalen fan Kootstra wol nei foaren.
Douwe Kootstra stie yn de literêre wrâld earst fral bekend as skriuwer fan reisferhalen, no treedt er alwer sûnt jierren op as ferteller, ferhaleman. Twa fan de ferhalen yn Stabij, ‘It byld’ en ‘Grut en giel’ liene har dêr ek bysûnder goed foar. By ‘Grut en giel’ bliuwt by de measte lêzers en harkers de moraal dy’t fyntsjes troch de tekst hinne weefd is wol hingjen.
De grutte line yn it boek, dat út ferhalen, koarte hast haikû-achtige teksten en in resept foar echt Frysk brea bestiet (favoryt iten fan bijke, neffens Kootstra), is tink ik dochs de
wrakseling tusken de wylde natuer fan de stabij en de sabeare oanpassing oan de minske.
It boek set útein mei ‘Elk syn tinken’, dêr’t in frou, in man en in stabij sûnder wat te sizzen in gedachtegong útwikselje. Dêryn wurdt dúdlik dat de frou aardichheid hat oan de wylde frijheidsdrang fan it bist, wylst de man hearrigens ferwachtet fan de hûn. De stabij tinkt fral net fierder as it plakje koeke op de tafel.
Yn it wier barde ferhaal ‘Bush movie’ wurdt de man ûnferwachts konfrontearre mei it echte aard fan de stabij, mei it jachtynstinkt dat by sokke húsdieren nea fier fuort is.
Stabij is ûnderwilens oerset en ferkeapet sawol yn it Frysk as it Nederlânsk bysûnder goed. Apart dat dit kreas fersoarge boek yn ús eigen provinsje net mear omtinken krigen hat.

Tjibbe Hooghiemstra (tekeningen) en Douwe Kootstra (ferhalen)
Stabij
Utjouwerij Bornmeer, De Gordyk 2021
ISBN: 9789056158507
Ynbûn; 96 siden

1 reaksjes op “It hûntsje út de Wâlden

  1. Kreas stikje, Jelma!

    As stabijhâlder (fan Hiske) haw ik dit prachtich foarmjûne en ynhâldlik tige werkenbere boekje fan Tjibbe en Douwe al in moai skoft yn ‘e hûs.

    In goede saak datst der noch eefkes omtinken oan jûn hast op ‘Ensafh’.

    Mei freonlike groetnisse,
    Beart Oosterhaven
    (Wjelsryp)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *