Teleks: Acht winners Rely Jorritsmapriisfraach 2022

logo.ensafh

Acht winners fan Rely Jorritsmapriis 2022

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum),‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea).

De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *