
Desiderius rûn efkes om it hokje hinne. Op ’e efterkant wiene tekeningen makke, seach er no. Sjoch, dêrûnder in lege skelp dy’t op see dreau. Dat byld koe er as ûnderdiel fan it ferneamde skilderij fan Botticelli. Hoe hjitte dat skilderij ek al wer, ‘Maitiid’ of wie dat in oare? Mar de Venus by de skelp miste; dy lei fansels yn ’e leafdestimpel klear, ree om ’e leafde te bedriuwen mei de dappere striders foar it Hegere. Doe’t Desiderius neitocht, foel him yn dat er al hope dat se de vulva’s ferfongen alle kearen dat se brûkt waarden. Mar kom, sei er tsjin himsels, no gjin morbide tinzen. Boppedat hie er him ûntholden fan fleislik kontakt sûnt er al syn jild kwytrekke wie. Wat sei ûntholden? Hy hie gjin kar hân. Hoe soe er in frou krije kinne as er gjin jild hie om har mei út te nimmen, har op te heljen yn syn auto, har te traktearjen yn Grand Café’s? Ja, sokke ûnreedlike tinzen skeaten him troch de holle.
Hy wie no om it leafdeshokje hinne rûn en stie foar de doar, dêr’t in lyts hertsje yn útsnien wie. It like wol in pompebledsje, mar dat koe fansels net. Desiderius hold de holle foar it pompebledsje en digere nei binnen ta. Hy seach lykwols neat, mei’t der gjin moanneljocht ta de leafdeshut ynkringe woe wylst hy foar it hertegatsje stie. Hy helle de kaai út ’e bûse. It wie in ienfâldige izeren kaai. In leafdeskaai dy’t tagong joech ta it boek mei twa blêden. Mei in manlik gebeart stuts Desiderius de kaai yn it slot. Der gie in trilling troch it âlde hutsje. Of wie dat ferbylding? Neat beweegde; alles waard beskynd mei in sulveren skynsel, krekt as lei der in bytsje dauwe op ’e beammen om him hinne. Hy draaide de kaai om. Gjin lûd. Alles wie goed trochsmard. De doar gie nei binnen ta iepen. Desiderius stapte deryn. Op ’e grûn leine reiden matten, fielde er mei syn fuotsoallen. Hy liet de doar los, dy’t ûnder spanning fan in fear stie. Amper hie er de doar loslitten of dy foel efter him yn it slot. Inkeld troch it pompebledsje yn ’e doar foel no in strieltsje ljocht dy’t Desiderius for folsleine panyk behoede. Want hy wie bang yn it tsjuster. Yn it tsjuster krige er it benaud, as er yn in nauwe romte wie. It wie eins in kombinaasje fan engtefrees en tsjusterfrees: yn in tsjustere nauwe romte rekke er samar yn panyk. Dêrom wie dat strieltsje ljocht sa wichtich foar him.
Hy die in stap foarút en state mei de knibbel tsjin it sêfte oan fan wat wol in bêd wêze moast. Hy joech him foaroer en taaste op de efterein fan it bêd. Dêr fielde er hommels in foet. “Sorry”, sei er en lake doe ynwindich. It fleis hie sa echt oanfield. Ja, dy Jappen stiene foar neat. Hoewol it fansels altyd mooglik wie dat Mohammed him foar de gek holden hie en dat hjir in echte frou lei. It ferskil tusken maagd en net-maagd wie al dreech te meitsjen, mar yn de betiizjende moderne tiden wie sels al net mear út te meitsjen oft in frou echt wie of net. De Turing-test wie der neat by, mar dizze test dy’t er op it punt stie te ûndergien wie aardich wat nijsgjirriger as de sâltleaze Turing-test.
Desiderius taaste de efterkant fan ’t bêd ôf en fernaam dat de frou, sa’t er har dan mar neamde, op ’e rjochterkant lei, fan him út besjoen. Hy frege him ôf hoe’t se derút seach. Miskien wie se wol bare ûnsjoch. Dat soe wol humor wêze. Hjir yn it tsjuster wie ommers doch neat te sjen. It iennichst sintúch dat him yn dit part fan it universum helpe koe wie de taast. Neffens de ferneamde filosoof Frans Hemsterhuis wie der in ûntelber tal sintugen nedich om God waar te nimmen, dy’t dan mei it hielal lyksteld wurde koe. Ynienen seach Desiderius yn dat it mooglik wêze soe dat sa’n God wier bestie. Alle troch minsken makke religy’s en troch geastessiken optochte iepenbierings wiene mar in flauwe ôfspegeling fan dy God. En wa wit wat der noch mear tusken himel en ierde omswalke, yn dit mysterieuze universum dat de minske noch mar amper ferkend hie. Wiene alle besteande religy’s net brutale antwurden op fragen dy’t foarearst fragen bliuwe moasten? De âlde Germanen hiene har ta it kristendom bekeard omdat de kristlike prysters antwurden joegen op fragen dy’t se sels net beantwurdzje koene. Wêr geane wy hinne nei de dea? In fatsoenlik minske beantwurde sa’n fraach net. Joech ien al antwurd, moatte de Germanen tocht ha, dan sil dy it wier wol witte. Och, dy religieuze naiviteit fan ’e Griken en Germanen. De Germanen hiene hillige beammen hân lykas dizze fruithôf, betocht Desiderius, en har leauwe wie sa grut dat se tochten dat har goaden de skuldigen wol straffe soene as dy de beammen omhakten. Doe kamen de kristlike prysters en hakten de hillige beammen om en wat diene de Germanen: dy empirisy foelen fan har leauwe ôf! Hiene se mar wat empirysker west. Dan hienen se in tsjerke yn ’e brân stutsen en sjen kinnen dat der dan ek neat barde, mar foar dy konsekwintens skrille har religieuze naivens en earbied wer tebek. Sa waard it noait wat fansels.
Desiderius gie yn ’e Lotus-hâlding op ’e lofter helte fan it bêd sitten. Der wie gjin reden foar hastigens, hy, se, hiene de hiele nacht noch. Hy betocht hoe’t it boek mei twa blêden it fertsjinne om mear hilligens taskreaun te krijen as alle oare boeken meiinoar. Mei lei er foarsichtich in hân op ’e oare helte fan it bêd del. Dat wie in swiere boezem, en dy gie noch in bytsje op en del ek. De Yoga-oefening hie de measte tinzen yn syn holle al ta stilstân brocht, mar no’t er in liif fielde, hold de rest fan syn tinken ek op. It tinken is ommers as in illestykje. As it hieltyd ûnder spanning stiet, giet de rek derút. By Desiderius kaam wat oars ûnder spanning te stean. Hy stie op fan it bêd en smiet syn mantel en turban op ’e grûn. Doe naam er syn posysje wer yn en begûn it liif njonken him te ferkennen. Noch altyd koe er gjin oanwizing fine dy’t útslutsel joech omtrint de fraach oft dit no in libbene frou wie of in pop. Wat hie er dan tocht? Dat syn hân it fentyl fine soe en dat de pop as in ballon troch de keamer sjitte soe? Je kinne wol minsken ûntmaskerje, mar efter it masker sit altyd wer in minske.
Desiderius kaam hieltyd mear yn ’e besnijing fan leafdefolle emoasjes. Hy tocht der net mear oan dat der wolris in Kalashnikov yn it liif njonken him beskûl gean koe. Of dat it faaks troch in oar brûkt wie. En hy frege him alhielendal net ôf oft it liif njonken him wol maagd wie, mar dat wie gjin fertsjinst fan him, want hy wie no ienris net mei dy winsk grutbrocht. Hy taaste de earms ôf, dy’t wat grouwer wiene as wenst yn it westen. Itselde gou har hiele figuer, dat wat swierder wie as oars. Se liek wier wol op de froulju sa’t se yn it Midden-Easten omrûnen. Se soe foar de Playboy net yn ’e beneaming komme, en dat is namste spitiger foar dat blêd. Desiderius wie der wylst mei úteinset en lûk de frou de klean út. Wie it syn ferbylding of wurke se mei? Al gau lei se alhiel neaken njonken him. Hy streake har, en fûn dat it fel wier as fel oanfielde. En se rûkte in bytsje nei it kaniel- of muskuseftige parfum dat froulju út dy kontreien hiem is. Mar de Turing-test wie noch net foarby. It eksperimint soe no de oanrin nei it hichtepunt belibje.
It streakjen en de omearmingen fan Desiderius waarden no wat warberder. De frou wie dêrby net alhiel passyf. Mar bewiisde dat wat? Se koe likegoed in robot wêze. Desiderius hold de kaai ree, en iepene it Hillige Boek. Hillige Boeken hâlde út dat de wiere leauwigen grut geniet belibje sille yn it hjirneimels. Fan datoangeande binne alle religy’s itselde en ferwikselber, as mannen mei maskers op. Mar it boek dêr’t Desiderius no yn lêsde joech al geniet no, dat doch in reden ta tankberens hearde te wêzen al smiet it yn ’e praktyk in protte ferachting op, mooglik omdat de ‘leauwigen’ de boarne fan wille te faak oanboarren of it talint ta it godlik geskink fan ’e tankberens misten? Hoe’t it ek wêze mei, nei syn lange rite fan ûnthâlding wie Desiderius syn geniet ek namste grutter, neigeraden as er mear lêsde yn it boek mei twa blêden.
Hy tocht net oan de Kalashnikov dy’t mooglik yn har liif ferburgen wie, noch oan de beskerming fan syn eale dielen, dêr’t Mohammed him ommers mei drige hie. Nee, Desiderius gie alhiel op yn ’e dûns dy’t net altyd de fuortplanting tsjinnet mar, mits net te faak beoefene (dat ek wol de misdie fan Augustinus neamd wurdt), in grut geniet wêze kin. Hy hie de frou by de barte beet en it bêd gie as in see op en del. Desiderius kaam by syn hichtepunt, net fan prestaasje of tinkkrieft mar fan geniet. Soe der aansen in apparaatsje yn syn eale dielen sketten wurde? Soe de Kalashnikov ôfgean?
[wurdt fuortset]