
Op 23 septimber waard de Simke Kloosterman priis foar de trettjinde kear útrikt. Tusken it publyk yn de Petrustsjerke siet de noch ûnbekende skriuwer fan it winnende boek It neidiel fan de twivel. Foarsitter fan it Lien en boargemaster Oebele Brouwer iepene de middei mei in lytse skiednis fan it Lien en in relaas oer de persoan Simke Kloosterman.
Doe kundige er Brent Polder oan, de winner fan de foarlêskriich Simkes Stimke, dy’t op meinimmende wize in fragmint foarlies út it winnende boek. Brent waard huldige as bêste foarlêzer fan Achtkarspelen.
Lês en sjoch fierder by RTV Noordoost