Henk Nijp

Dyk

logo.ensafh

It is wer safier, alles stiet stil en it kin ek noch wol eefkes duorje. De motor kin wol út. In lange stilsteande rigele foar de slachboom en oan de oare kant ek noch gjin beweging, no ja, op it lange gers yn ’e wyn en in keppeltsje krieën nei.
Alle kearen as wy fan Noard-Hollân komme binne wy de klos, en oarsom as wy dêr hinne sille, likegoed. It is krekt as dogge se it derom. It mist eins noait in kear of it moat jûns let wêze. Meastentiids giet it mar om ien skip foar safier’t ik dat fan de auto út besjen kin. Dy skipper fynt it noadich op it stuit dat wy, of by de Lorentz- of by de Stevinslûzen oankomme, de boel stil te setten om’t er krekt nó nei de Waadsee of nei de Iselmar wol. En dat slagget him alle kearen wer! Ien boat kriget it foarinoar om ús en noch hûndert oare auto’s foar in foech kertier op te kearen. Je soene der komplottinker fan wurde …
Mar as alles dan sa stilstiet is der moai gelegenheid om om ús hinne te sjen. De mannen yn de giele fluor- dan wol orânje wurkpakken binne allegeduerigen oan it wurk. Of se steane yn groepkes fan twa of trije te sjen nei-, of te oerlizzen oer it wurk. Mar der is ek altyd feroaring. En wat der no krekt allegear bart is my net altyd dúdlik. In skoft lyn krige ik de yndruk dat bygelyks de dyk oan Waadseekant moai ynoarder wie; it talúd wie in moai ein ophege en waard al aardich grien as wie it kreas ynsiedde. Mar wiken letter stie der wer in hiele batterij shovels en kypweinen en grutte gripers om de dyk fan it begjin ta de ein nochris wer in stik heger te meitsjen. Ik tocht earst ‘Hé, sille se no dan einlik ris dat ikoanyske reuzehynder delsette dat oan it begjin fan de dyk komme soe?’ Mar dat wie wat al te optimistysk tocht, gjin hynder te bekennen sels gjin begjin fan in sokkel. Miskien wiene de berekkeningen fan de feilige hichten dochs net hielendal ynoarder; ik ha begrepen dat der wol mear flaterkes makke wurde troch de dykyngenieurs. Tsja, it kin de master misse …
Mar it nije pandak op it lêste hûs fan it slûzekompleks op Koarnwertersân is noch net ferfongen. In jier of wat lyn ha de bewenners nije pannen op it dak krigen om’t it dak isolearre waard en de âlde dakpannen der doe net mear op pasten. De nije pannen hiene in wat ljochter kleurke en foldiene sa net mear oan de easken fan ‘e omjouwingsfergunning. It panneguod soe der neffens de gemeente wer ôf moatte. Foute boel dus en in bulte geharrewar. Mar de nije pannen lizze der noch altyd moai rjocht op ek al binne wy in pear bêste stoarmen fierder. Der is njonkelytsen wol mear feroare yn dy kontreien; it Wadden Center dat mei grutte wite huningraten (dy’t in skomkraach foarstelle moatte) in stream oan toeristen ynhelje moat is der delsetten en yn ’e Iselmar stiet it grôtfol ûnbidige wynturbines. Oft de omjouwing dêrmei no safolle ferbettere is … En yn it tsjuster flitse de lampkes boppe op dy mûnen yn koar, tagelyk op. It soe samar út de koker fan Daan Rosegaarde komme kinne. Dy makket wol mear moaie dingen mei ljocht. Hy hat yn it ramt fan de ‘ikoanisearring’ fan de Ofslútdyk, ek dy glow-in-the-dark strypkes op de betonnen bousels by de slûzen betocht en se ‘Gates of Lights’ neamd. Ast der yn it tsjuster mei de koplampen oan lâns rydst ljochtsje de kontoeren fan dy slûstuorren moai op. Hy wie doe ek dwaande mei it útfinen fan in ljochtjaand fytspaad op ’e dyk mar dêr ha wy al in hiel skoft neat mear fan heard. Te yngewikkeld of nei de tiid besjoen dochs in gefal fan ‘bullshit ljocht’? Faaks kin Daan ek ris nei de wjukken fan dy wynmûnen sjen dan soe er dy, lykas dy turbineljochtsjes, tagelyk opflitse en syngroan draaie litte moatte want dy draaie no allegear, hiel eigenwiis, har eigen yndividuele rûntsjes en dat jout in allemachtich ûnrêstich byld. It is allegear likegoed gjin opwurdearring fan de omjouwing.
Wat ek feroare is: de miggen. Dat wol sizze dy ha wy fan ’t simmer mar amper op ’e bumper en it foarrút hân. Eartiids siet de auto der nei in rit oer de dyk ûnder, dan wie it dêr swart fan de miggen. En boppe de dyk dûnsen geregeldwei mânske miggewolken. Mar no siet der hast gjim mich mear op. Foar de auto en it poetsen net ferkeard mar it koe wolris in safolste faai teken wêze.
Lang om let geane de bomen wer omheech, wy kinne troch. Noch in lyts healoerke, dan binne we thús.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *