Lomme Schokker

Oranjeread

logo.ensafh

Myn belibjen fan de werklikheid is yn sommige gefallen oars as dy fan de measte minsken.
Sa hawwe wy dit jier in hingelbegoania boppeyn in amphorafaas op ’e hoeke fan ús tún, heal ferskûle efter in reade Japanske acer. It felle oranje fan de frêle blomkes stekt manjefyk ôf tsjin de lykfoarmige bledsjes fan plant en beamke. Us buorlju wurde der alle kearen suver bliid fan as se oer it túnsket dikerje. Ik dêrtsjinoer, mei myn min kleurûnderskiedingsfermogen yn it oranje-read-griene spektrum, sjoch amper ferskil tusken dy blomkes en de bledsjes. No wit ik blinders goed wat ik sjoch, dus dat kin neat oars wêze as myn eigen werklikheid. Tagelyk besef ik ek dat de wize wêrop ik de wrâld waarnim nea in objektive realiteit opsmite sil. Myn werklikheid is dus tige betreklik. Och, bestiet der eins wol in werklikheid? Miskien is it mar in streepke op it kompas nei hoe’t in ider fan ús te silen hat.

Nim no dy twa boeken dy’t ik guon wiken lyn as kado krigen ha. It iene, Oranje zwartboek, mei as earste ûndertitel De ontluisterende geschiedenis van onze koninklijke familie (Gerard Aalders, Just Publishers BV, 2020) kaam fan in freon dy’t wit dat ik lykas him neat ha moat fan de ‘wûnderlike stjerrestatus’ fan ús keninklyk hûs. De twadde ûndertitel fan it boek seit alles: intriges spionage geweld corruptie geldzucht. It is ien lange litany oer it iennige dat foar de keninklike dynasty fan belang is: it kontinuearjen fan de monargy, bûge of barste. Ik siet my te fergriemen fan ja, sa is it, dy Aalders rekket krekt de woartel yn it lid. Healwei it boek lykwols begûn ik my te ergerjen. It skilderet in werklikheid dy’t miskien foar in swartboek wol de wierheid is, mar nea de hiele werklikheid wêze kin. Hy sammelet oars net as hjerstblêden, om dy yn ien kear op in heap te feien; foar it farske grien en it frêle oranje hat er gjin each. It boek ferwurdt geandewei ta in tefolle fan it minne. Neat yn it libben is ommers inkeld en allinne swart-wyt.

It oare boek krige ik trije dagen letter yn hannen, fan Sunny Jansen: De vrouw die Friesland redde (Utjouwerij Balans, Amsterdam, 2022), oer Albertina Agnes en it rampjier 1672. Krigen fan in freon dy’t fan betinken wie dat myn skriuweraasje yn it Frysk wol tsjûgje moat fan in blynwei stevige Frysksinnigens. Boppedat wist er tafallich dat ik yn Oranjewâld op de Albertina Agnesskoalle sitten ha, dêr’t de boppestbêste master Brandsma my op in skoalreiske ris goed dúdlik makke dat alles in begjin hat en in ein en dat ik dit mar te akseptearjen hie.
Jansen beskriuwt yn grut detail fernimstich it libben fan Albertina Agnes en har ynfloed as singeliere frou yn har posysje as regintes op it polityk-militêre mêd yn de trije noardlike provinsjes. Ek, hoe’t se tusken de bedriuwen troch der fansels foar soarge dat it Frysk stedhâlderskip fan doe ôf oan ûnwjerlisber erflik waard. Dochs sil ek dit in ein krije.

Fêsthâlde of loslitte, meidwaan of oerjaan, al of net kleur bekenne. Dêr giet it om by it navigearjen troch it libben. Elts streepke op ús bloedeigen kompas hat in kleur en in priis.
De hingelbegoania is ûnderwilens útbloeid, no it oranjeread fersutere is kin it hjersthimmeljen begjinne.

 

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *