Lomme Schokker

Skoufrou tusken twa kanten

logo.ensafh

Alle boeken fan Annie Ernaux, de winneres fan de Nobelpriis foar literatuer, geane oer har frou-wêzen en oer har sosjale komôf. Yn in droech proaza, dat hiel persoanlik is en sljochtweihinne realistysk, filearret sy it libben yn har neiste omkriten en harsels yn it bysûnder.

Har heit moast op syn tolfde as kowehoeder de fjilden yn, wie in hiel skoft fabryksarbeider, begûn letter in doarpswinkeltsje dêr’t in soarte fan kafee, in sûphúske oan fêst siet. De heit, altyd earm, altyd bealgje, nea tiid foar himsels, hie al syn moed op syn dochter, de earste yn de famylje dy’t trochleare soe.

Op it momint dat sy it hûs útgiet begjint se te skriuwen. En se skriuwt gjin wurd tefolle.

Ut La Place (It plak) har fjirde boek, dêr’t se namme mei makket en dat oer har heit giet (ss. 104/105):

Op in snein nei de mis, ik wie tolve jier, haw ik mei ús heit de mânske trep fan it stedhûs beklommen. We sochten de doar fan de gemeentebibleteek. Wy hiene der noch nea earder west. Ik seach der nei út as soe ik nei in feest ta. Nettsjinsteande dat efter de doar gjin lûd te hearren wie, treau ús heit de doar iepen. It wie der stil, noch stiller as yn ’e tsjerke, It parket kreake en foaral dy frjemde, âlde rook. Twa manlju seagen efter in hiele hege baly, dy’t de tagong nei de boekekasten tichtsette, hoe’t wy tichteby kamen. Us heit sei neat en ik frege: ‘Wy wolle graach boeken liene.’ Ien fan de manlju stelde fuort de fraach: ‘Hokker boeken wolle jimme?’ Wy hiene thús net betocht datst fan tefoaren witte moast watst woest en datst like maklik titels neame moast as twibakmerken. Se hawwe foar ús wat keazen, foar my Colombia en in lichte roman fan Maupassant foar ús heit. Wy hawwe nea wer nei de bibleteek ta west. Us mem hat wierskynlik de boeken werombrocht, te let miskien.

Hy brocht my op’e fyts fan ús hûs nei skoalle. Skouman tusken twa kanten, yn rein en sinneskyn.

Miskien wie er hjir it meast grutsk op, of wie it sels de rjochtfeardiging fan syn bestean: dat ik ta in wrâld hearde, dy’t op him delsjoen hie.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *