Anne Feddema

Peintre maudit

logo.ensafh

It kafee, dêr’t de literêre gearkomste wie, siet lang net fol. Oan in grutte tafel sieten wol in stikmannich minsken, dat moasten hast wol dichters en skriuwers wêze. Gjalt de Bruin seach nei it taferiel nammers mear mei it each fan in goed yn ’e byldzjende keunsten ynfierde skilder. Wat er foar him seach, die him tinken oan ‘la última cena’, yn dit spesifike gefal ek werklik oan de fersy fan it renêssânse-sjeny Leonardo da Vinci. It lêste jûnsmiel…Jezus siet fansels yn ’e midden, in man mei in frijwat plodsk antlit dy’t, op it stuit ien fan ’e ferneamde gehakballen fan it kafee oan it fuortwurkjen wie.
Siet Judas no loft of rjocht fan Jezus? It makke net in soad út yn dit gefal, oan beide kanten sieten tafallich mannen mei behoarlik ûnhuerige koppen. ‘As dit de fine fleur fan ’e Fryske Literatuer foarstelle moast dan hoegde Gjalt de mindere goaden perfoarst net tsjin te kommen of op te sykjen op … ja, no ophâlde de Bruin, as soest sels sa’n kreaze kearel wêze … sy dêr yn it waarme ljocht fan ’e kroech koenen yn alle gefallen wól skriuwe … fersen, ferhalen. Jezus wie sels in Gysbertwinner … Minne Pastoor, dy’t ek op Poetry taholden hie.
Aanst soe der in iepen poadium wêze en dan woe Gjalt ek in pear fersen foardrage, yn syn mage siet in grutte knoop, it wie dúdlik dat er earst noch mar in pear potsjes bier nimme moast of better miskien, twa, trije âlde jeneverkes.

Der wie no dochs wat folk ôfkaam op it literêre treffen en as earste lies Minne Pastoor in pear nije fersen foar en lêze koe er, syn diksje wie as fan ien fan’e grutte Hollânske toanielakteurs út it ferline, lyk as in Ko van Dijk, tel dêr in stim as in klok fan Ritske Numan by op en je hienen in poadiumiepenbiering earste klas … om nea te ferjitten.
Gjalt tocht noch, de pear âlde jeneverkes wienen net goed fallen, dat je earst in grouwe gehakbal fuortwurkje moasten en dan it poadium op … ophâlde mei dat gesûp … hy skeakele mar wer oer op bier.
Minne Pastoor wie no werklik los…mei in fers dat ‘Fryske Oarlochsboer Cantat’ hjitte. Je koenen der yn alle gefallen wis fan wêze, dat it de titel fan it fers wie om’t der fan te foaren in printe ferzy fan útdield wie dy’t je meilêze koenen, mar dat slagge Gjalt amper, de alkohol die syn wurk perfekt.

Gjalt stie foar de mikrefoan en wie efkes fluch oankundige troch ien fan ’e sekondant-Judassen …. Fantefoaren hie Gjalt him fia de Oant No Ta literêre selskipsite oanmeld en wat ynfo oer himsels trochjûn. De helte fan dy ynfo wie net wier of kloppe net … sa hie er sein dat er yn eigen behear in bondel útbrocht hie … no, wêr yn ’e goedichheid wie dy bondel dan, wêrom stie er mei twa ferfrommele, switterige stikken printpapier … mei pinne beskreaun … yn ’e hannen?
Der wie te min ljocht. Hy koe syn eigen hânskrift net lêze, mei in soad ljocht al sawat net iens en no. Hy besocht it út ’e holle te dwaan, dat hie er oefene, Hy wie ek net hielendal in omkoal fansels. It gong hiel aardich, nei it foardragen fan ’e twa hiele koarte fersen, twa kear fjouwer rymjende rigels, klonk der sels in dimmen applauske.

Gjalt siet wer op in barkruk en hookstrooks sei in klearlûdige stim: ‘ Dat wie oars net ferkeard … dy sin … de skilder skriuwt syn eigen skaad … dy hat potinsje … ik bedoel wêrom soe in skilder skriuwe? … nijsgjirrich … potsje bier fan my?’
Gjalt wie spitigernôch al in ein op wei op ’e sneldyk nei folsleine dronkenskip en doe’t er bûten rûn op wei nei hûs wie er it hiele petear al kwyt … allinne de klinkende klokstim fan Pastoor dy’t sei: ‘ Stjoer gerêst ris wat nei ús op’, resonearre noch in bytsje nei tusken in pear grize sellen.

Hy fielde him net lekker en moatst spuie, dêr wie it wetter fan ’e grêft aldergeloks … alles kaam der út noch foar’t er by de liening fan ’e brêge wie. Hy sakke op syn knibbels en sniksnokke tusken de triedden koarslym troch: ‘ Ik bin gjin dichter … ik bin gjin dichter.’
Gjalt kaam oerein en tocht dat er yn in kattelike tsjerke wie of soks … in pear baarnende waksineljochtsjes joegen in swak, suver spoekeftige glâns oan ’e saken dy’t der omhinne stienen … Gjalt seach in oankrûpboartersbearke en wat beskreaune en betekene stikken papier en in foto fan in jonge dy’t him mei grutte eagen oanseach en dy eagen liken wol hieltyd grutter te wurden, sa grut dat se op it stuit alle romte om Gjalt weinamen en him sadwaande de neare nacht ynjagen … leech fan mage … leech fan geast.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *