
Alle dingen meitsje sa wurch, gjinien kin se allegear neame. It each rekket net útsjoen en it ear net útharke.
In stikmannich fan ’e jonges wie efkes sitten gean, in bytsje slûgje yn it sintsje. Yn ’e fierte klonken no en dan djippe dreunen ôfwiksele mei koart ratteljen fan automatysk gewearfjoer. Wurden klonken der net, der wie net ien dy’t der op dat stuit ferlet fan hie om wat te sizzen.
De measte fan ’e manlju om him hinne hienen bynammen krigen.
Dy keardel dêro wie ‘De Slachter’ om’t er in skoftke lyn, op it hiem fan in stikkensketten pleatske, ûnder begelieding fan ’e entûsjaste gjalpen fan keardels fol mei adrenaline de kop fan in libbene hin ôfbiten hie.
‘De Slachter’ wie no drok dwaande om sa goed en sa kwea as dat gong syn ûnderguod te waskjen yn in streamke, in bytsje ferskûle efter moaie wite bjirkjes, dy’t al aardich yn hjerstsfear kamen. As je net better wisten dan soenen je tinke dat hjir in ploech manlju mei elkoar op fakânsjekamp wie. Wyldkampeare mei de eigen soart, mei-inoar testosteron oanmeitsjend.
‘Preker’ kaam der no by te sitten. Ik hie him net útnûge mar hie gjin krêft om te sizzen dat er mar fierderop sitten gean moatst … en ik hie myn eardopkes yn en harke krekt nei de tredde Gnossiene fan Satie. De lûde stim fan ’e senuweftige man fergriemde fuort de rêstige muzyk.
Wat hie dy kearel yn ’e goedichheid by ús te sykjen, dy hearde thús yn it poppeteater fan wijreek en wijwetterkwast.
‘ Foar elk ding is in oere
en foar alles ûnder de himel in tiid.
Der is in tiid om berne te wurden
en in tiid om te stjerren,
in tiid om te plantsjen
en in tiid om de planten út te rûgjen,
in tiid om te deadzjen
en in tiid om te hieljen…’
Ik kom mei in soad muoite oerein en sis: ‘Der is ek in tiid om je bek te hâlden en dy tiid is no ….’ Ik sykje in oar plakje en fyn it tiid om nei Bach te harkjen … eins is it altyd tiid om nei Bach te harkjen … wat? … it is de tiid sels, trochlibjend yn minsken en ynstruminten, hieltyd op ’e nij. En it is ek noch earne oars tiid foar … hjoed miskien noch net mar lang sil it perfoarst net mear duorje.
Sa gau as mooglik soe er útnaaie nei de oare kant en hy wie net de iennige dy’t fuort woe út dizze sljochtsinnige situaasje, dy’t hoe dan ek al fiersten te lang duorre hie.
Hy seach nei in pear iensume wolkjes dy’t stadich foarbyskoden,oan ’e blauwe himel foarbyskoden. De fuga fan Bach paste der eins net en dochs ek wer wol by, de prelude dy’t dêrnei kaam wie suver foar de wolkjes makke. Syn heit soe no drok dwaande wêze om hout te garjen foar de kommende winter.
Hommels wie der in ferskriklike klap en in fjoergloede dy’t elkenien dêr op ’e grûn omfieme en fan ’e sulveren bjirkjes in eintsje fierderop brûkte lusiferhoutsjes makke. Alle plannen foar de takomst … alle dreamen. Neat mear fan oer.
De holle fan Preker wie yn it streamke belâne.
Oarloch … neat nijs ûnder de sinne.