Teleks: Heechlearaar Goffe Jensma pleitet op syn ôfskie foar better Frysk skriuwûnderwiis

logo.ensafh

Folle mear Friezen soene it Frysk skriuwen op skoalle leare moatte. Dêrfoar pleite heechlearaar Frysk Goffe Jensma woansdeitejûn by syn ôfskie yn it Ljouwerter Provinsjehûs.
“In soad Friezen hawwe in Nederlânsk wurdboek yn ‘e holle”, seit Jensma. “Omdat se op skoalle wol Nederlânsk skriuwen leard ha, mar gjin Frysk.” It gefolch dêrfan is dat de kwaliteit fan it sprutsen Frysk ek ûnder druk komt te stean troch Hollânske ynslûpsels.
“Wat je dan krije is ‘language insecurity’, taalûnsekerheid”, stelt Jensma. “As minsken in wurd net wite, pakke se it Nederlânske wurd en net it Fryske. Se sille dan earder ‘overhemd’ sizze as boesgroen of oerhimd.”

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *