
De tekstsjuery, besteande út de skriuwers Elske Kampen, Douwe Kootstra en Jelle Bangma, hat 11 teksten selektearre út de 50 teksten dy’t ynstjoerd binne foar SjONG 2010. Dy 11 teksten binne dêrmei ek nominearre foar ien fan de trije sjueryprizen dy’t by de finale op 24 april bekend makke wurde.
Mar dêrmei binne wy der noch net! Ek jim meie jim favorite tekst kieze út dizze 11. Jim kinne dat dwaan troch de titel fan jim favorite tekst troch te jaan fia sjong.nl@gmail.com. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis. Dy wurdt ek útrikt by de finale op sneon 24 april yn DOK 18 yn Dokkum.
Lês fierder by SjongFrysk