
Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’
It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen. Fan de âld baas fan de sjoernalist hie ik yn 2017 al ôfskie naam. Ik ha in eed ôflein om nea te sizzen wêrom, dus dat doch ik ek net. Mar as ik sa troch de wike wat om my hinne freegje, bin ik net de iennichste dy’t de brui der oan jûn hat. Sterker, ik moat stadichoan myn bêst dwaan om noch guon te finen dy’t noch wol de muoite nimme. De koers fan wat ea fielde as ‘fan ús’ is ferwurden ta in platprogramearre brij. De mails wêryn’t de iene nei de oare ‘suksesfolle formule’ yn skreauwerige teksten op ús takomme, nim ik dus ek mar mei in grutte kerrel sâlt.
Lês fierder by Ferdinand de Jong