
‘Santich jier …, hasto dêr ek sa’n profyt fan?’ Ik frege dat oan myn maat njonken my op de hometrainer yn ús Life-Fitnessgroepke fan de fysioterapeut.
Ik seach him tinken fan wat hat er no wer oan ’e fyts hingjen.
Mei de jierren haw ik leard dat it noflik is om minsken tiid te gunnen om te antwurdzjen en dat it hast altyd fertuten docht om ûnferwachte fragen op it persoanlike flak te grûnjen mei eigen wederwarichheden.
‘Tsjintwurdich tink ik folle faker nei oer wat en wa’t ik bin. Wat ik allegear sa al dien ha en hoe’t dat my foarme hat, hoe’t ik myn eigen stekje oan it finen bin, wêr’t ik it sykje moat, wat oare minsken yn myn libben foar my betsjut hawwe … Hasto dat net? Alle dagen komme nije fragen op, folle mear as froeger. It liket as falle der hieltyd mear saken út te djipjen, as wurdt it wichtiger om dingen yn in soarte fan perspektyf te pleatsen. Hoe sit dat mei dy?’
Syn sûnens wie sa dat it wol wat better koe. By him wiene sokke eksistinsjele fragen sûnt twa jier dêrtroch finaal ferflechtige. ‘First things first,’ sei er, ‘mei myn post-covid bin ik al lang bliid as ik in bytsje reedlik wer de nacht trochkom. Myn sykheljen leit my dus op ’t heden neier as it bestindigjen fan myn siel of oare abstrakte ûnnuttichheden. Dy lúkse haw ik glêdwei net. Dat hasto by Dútsk dochs ek leard: erst das Fressen und dann die Moral?’
Hy wie lykwols attint genôch om my myn ferhaal ôfstekke te litten. Harkjen gie him op de fyts ek better ôf as praten.
Ik fertelde dat ik my de lêste tiid realisearre dat ik my myn hiele libben foar in grut part oantrune litten ha troch oaren. Troch myn twillingbroer dy’t, folle ekstraverter as ik, my op sleeptou naam de kroegen yn, de ferkearings dy’t my de tsjerke ynfierden, de eks dy’t my nei Amearika ûntfierde, myn frou dy’t my learde klassike muzyk te wurdearjen, de bern dy’t my bytiden behoarlik teplak setten hawwe, guon freonen mei harren kennis fan saken oer Jung en Jezus en Spinoza en sa en wer oare minsken dy’t ik trou folge ha tsjin miskien better witten yn.
‘Tsja, op sleeptou …,’ hime en pûste myn maat, ‘… meist bliid wêze … dat dy minsken der wiene … Paadwizers … Hawwe wy allegear … nedich.’
Dêrmei kamen wy samar te praten oer de VPRO-gids fan dizze wike. Op ’e efterkant stiet in sidegrutte advertinsje fan Villa Sofia, oer in rige filosofyseminars. “Tsien fantastyske dosinten (…) nimme jo mei op in filosofyske reis op in prachtich plak yn ’e heuvels fan Toskane.”
Ik ferhelle dat ik juster op ’e webside alle tsien seminars besjoen ha, mei titels as “Ik wol begripe” en “Transatlantysk tinken” en foaral dy oer de Tao: “De wei ûntstiet troch te gean”; de wei dy’t gjin wei wêze wol mar fol stiet mei kryptyske paadwizers oer hoe’t it bêste falt te libjen. Dat dy lêste kursus pas yn oktober is en my dus dûbeld en dwers de tiid skaft om te bepalen oft krekt dizze my fierder grûnje kin by it yn kaart bringen fan hoe te gean yn it lêste fearn fan myn libben.