Teleks: Tresoardirekteur Dijkstra sprekt him út tsjin lieding RUG: “Ik wie persona non grata”

logo.ensafh

Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar is bliid mei de oanstelling fan Arjen Versloot as nije heechlearaar Frysk, mar hâldt wol in “hiel akelich gefoel” oer oan de situaasje. Hy mocht him nei eigen sizzen net mear útsprekke oer de kwestje, dat docht er no wol.
Ferline jier hie Dijkstra tegearre mei wittenskippers en skriuwers yn in iepen brief fûle krityk op it belied fan de universiteit om gjin folweardige heechlearaar oan te stellen. De misje fan de groep is neffens Dijkstra slagge: “Ik bin hartstikke bliid mei Arjen Versloot en dat wy fierder kinne. Mar, en ik praat no foar mysels en net foar dy fjirtich minsken, it wie echt hiel akelich en dat is it altiten noch.”
Dijkstra is kritysk oer de útspraak fan dekaan Thony Visser dy’t sy woansdei die. Visser sei dat de Ryksuniversiteit Grins de druk fan bûtenôf net nedich hie om úteinlik in heechlearaar oan te stellen. Dijkstra: “Dat is hartstikke ûnsin fansels. De universiteit hoegde sels net sa nedich in heechlearaar oan te stellen en sy wiene bot fernuvere oer wat der doe barde. Der is noch altiten gjin refleksje.”

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *