Henk Nijp

Telle

logo.ensafh

Oan ’e ein fan ’e middei, noch even foar’t it echt tsjuster wêze soe, siet ik klear foar it grutte rút. In noflike stoel, fierker by de hân, termoskanne kofje yn it finsterbank, mei in stik koeke. Ik hie de tellist earder al fan de fûgeltelsite delhelle, en foar de wissichheid hie ik de fûgelgids foar de al as net ynvasive eksoaten en oare ûnbekenden derneist te lizzen. En, net ûnbelangryk, in intensiederswekker om hiel krekt in healoere by te hâlden. It koe mar oangean! It storeinde nochal wat en de wyn spile net swak by, wat soe dat betsjutte foar de tellerij?
Ik hie noch nea meidien oan de ‘Nationale Tuinvogeltelling’, dat it moast no mar ris wêze. It earste probleem wie: wêr soe ik ús ’gevederde vrienden’ no it bêste telle kinne, yn ’e foartún of just achterhûs? Wat soe it meast klinkende resultaat opleverje? De tún foarhûs hat in aardich oerflak en der is beammeguod genôch, dêr is dus wol wat te heljen foar de bistkes. Achter is it wat stienniger, mar dêr strike se likegoed gauris manmachtich del.
Fûgels dy’t oerfleane dogge net mei, hie ik begrepen, se moatte fêste grûn ûnder de poatsjes ha en allinne it heechtste oantal fan de soart yn dat tel-healoerke kin mei yn de skoare. Oars soene se twa kear teld wurde kinne. Ja, dat is fansels mooglik, mar hoe sit it dan mei fûgels dy’t fan tún nei tún hippe of fleane? Stel dat myn buorman ek meidocht, (dat docht er net, hy hat wol wat oars oan ’e holle) mar stel dat er alris meitelt, hy hat krekt in klyster en protter oanstreke en dy bisten komme dêrnei nei ús fûgelparadyske en ik set ek in streekje ûnder har beide plaatsjes; dan wurde dy twa dûbeld teld, dochs? Of sjoch ik dat ferkeard? No ja, Sovon sil der wol in algoritme foar ha, nim ik oan en oars ha wy fierstentefolle klysters en protters, yn dit gefal.
De noflikste stoel stiet yn ’e keamer, dat ik keas úteinlik dochs mar foar de foartún. Ik stelde de keukenkwekker yn op in healoere en begûn te observearjen. Ik ‘scande’ de tún fan foar nei achter en fan lofts nei rjochts en wer werom. En sa noch in pear kear. Gjin fûgel te sjen. Nei tsien minuten hie der gjin oare beweging west as allinne it waaien fan it siergers en beamtûken op ’e wyn en sa no en dan wat rôljende brune winterblêden oer it grind. No, dan earst mar kofje. Wilens hold ik wol in skean each op ’e tún, want der moast my fansels net ien ûntkomme. Mar ûnder de kofje kaam der ek neat del. In eintsje fierderop, op it gêrsfjildsje fan ’e gemeente, sieten wol twa hôfdowen – alteast ik tink dat it dat wiene, it wie al knap skimerich – mar dy koe ik slim oankruse op myn telformulier. Dat plantsoentsje wie myn tún ommers net.
Stadich tikke de keukenwekker troch en noch hieltyd neat wat ek mar in bytsje yn’e buert fan in fûgel kaam. It waard no wolris tiid, want de grutste helte fan ’e healoere wie al om …
Ik soe ek wol wat fan de koeke ferkrommelje kinne en útstruie yn ’e foartún om sa wat fûgels te lokjen, mar soe dat meie? Der stie by myn witten neat oer yn ’e hantlieding fan dizze tellerij. Mar as alle tellers dat no dwaan soene … It moast mar net.
Fiif minuten foar slutingstiid fleach der ynienen in keppeltsje swartkopkes om ’e keale tûken fan ’e spaanske aak hinne. Ik tink mei in soad leven, mar it dûbele glês siet dertusken, dat ik hearde der neat fan. Lykwols joech my dit al wer nije moed!
As se har no even rêstich deljoegen, dan hie ik dochs noch wat op myn formulier en wie de healoere net alhiel weismiten. De fûgeltsjes fleagen mar drok en senuweftich om ’e beam hinne en efkes stil op in tûke sitte, ho mar. Dit wie al wat nuver gedrach fan dy fûgels. Ynienen kaam de swarte kat fan de buorlju fan in pear huzen fierderop achter de stam fan ’e beam wei. Siet dy no achter de swartkopkes oan, of krekt oarsom, sieten de swartkopkes achter him oan en stutsen se ’m finaal de gek oan? Yn elk gefal koe ik myn skoarelist no wol ferjitte, want dy fûgeltsjes soene no echt net rêstich yn ús tún sitten gean mei sa’n opnaaide kat yn ’e buert. En oare fûgels likemin. Boppedat gong dêr de wekker al. De tiid wie om. Skoare nul, zero, neat …
Lanlik sjoen stiet de swartkop op it twadde plak, nei de mosk dy’t no wer kampioen is. Mar by dy 258.553 registrearre swartkoppen sieten minent dus net.
Of in buorman moat se meinommen ha.

 

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *