Martsje de Jong

It frije wurd?

logo.ensafh

Eins hie ik der net oer skriuwe wold. Der wie al te folle oer skreaun en sein. Elk hie der fan syn as har eigen kant oerhinne miigd. Lykas mei alles tsjintwurdich wie de wrâld ferdield yn twa kampen dy’t inoar om it fûlst bestrieden. En ja hear, it duorre net lang, of dejingen dy’t ‘foar’ wiene waarden útmakke foar oergefoelige, linkse woke-lju, doochnoazen en mear fan soks. De tsjinpartij waard, alhiel neffens de jildende moares, útmakke foar wappy, antyfakser, rjochts-ekstremist, FVD’er – dat is sûnt maart 2020 ek in skelwurd – en uteraard ek foar Poetin-versteher. Ik betink dit net, wie it mar sa’n feest. Dit is hoe’t wy inoar tsjintwurdich de mjitte nimme.

Hawar. Ik hie it dus oer Pim Lammers, dy’t gjin berneboekewikegedicht skriuwe sil. Rûnom yn de media giene stimmen op fan skriuwers en útjouwers dy’t rôpen dat keunst fragen oproppe mocht. Dat it skjirje mocht en sear dwaan. Dat in skriuwer net beheind wurde mocht yn wat er skreau. It frije wurd wie yn gefaar as wy sa mei ús skriuwers omgiene.

Hoera, tocht ik, it ljocht begjint te skinen. En even tocht ik werom oan trije jier lyn, doe’t ik Pippi Langkous oerset hie en fragen krige oer in negerkening en oer negerberntsjes dy’t bûgden foar in readhierrich famke mei wiidútsteande frissels. Ik krige ek fragen oer de reiden rokjes dy’t Pippi, Tommy en Annika droegen op dat gleonhjitte Súdsee-eilân. Wie dat gjin kulturele taeigening? It wie yn dyselde snuorje dat der praat waard oer Jip en Janneke, dy’t te rolbefêstigjend wiene. En fuort letter kaam it gesoademiter om de oersettingen fan it fers The Hill We Climb hinne. Neffens de útjouwer yn Amearika en neffens in part fan it folk hjir mocht dat allinnich oerset wurde troch ien dy’t ‘swart’ wie, in ‘witen’ soe dat net kinne. Dus levere Marieke Lucas Rijneveld de opdracht wer yn en krige Friduwih Riemersma in ‘gefoelichheidslêzer’. It bloed wurdt my noch sûpe as ik deroan tink.

Dêrom woe ik net skriuwe oer Lammers, dy’t in ferhaal skreau oer in jonkje fan tolve en syn fuotbaltrainer. Him waard de dea tawinske, want hy soe pederasty ferhearlikje. Ik wie bliid mei de oprop fan útjouwers en skriuwers om Lammers in hert ûnder de riem te stekken. Ik tocht dat no it tij keare soe en wy wer in frij wurd krigen as skriuwers. Oant ik it berjocht ûnder eagen krige dat de ferhalen fan Roald Dahl oanpast wurde sille, om’t er rare dingen skreaun hat dy’t minsken kwetse kinne. Dat heksen in prûk drage om’t se in keale kop ha mei net stean bliuwe. Stel dat ús berntsjes, dy’t blykber sels net mear tinke kinne, ris miene dat elk mei in keale kop in heks is. En dêrom wurdt der by sein dat der ek oare redenen binne wêrom’t je in keale holle hawwe en dat dêr neat mis mei is. Ik spuide de kofje fan argewaasje oer de tafel. Yn de sûkeladefabryk mei in jonkje net grou en ûnsjoch neamd wurde, want dat is sneu foar grouwe en ûnsjogge minsken en Oempaloempa’s binne tenei net mear lytse mantsjes, mar genderneutrale lytse minskjes. En sa komme alle ferhalen fan Dahl op ’e helling. Want och hea, ús teare hertsjes kinne soks net ferneare.
Frije wurd? In waaksen noas. Grutte kul. Hjir gean alle útjouwers wer braaf mei akkoart. It soe harren siere as se no massaal yn aksje kamen en mei in side grutte advertinsje yn alle kranten har ûnfrede hjiroer blike litte. Blykber is it dus sa datst wól skriuwe meist oer lytse jonkjes dy’t seks ha mei in folwoeksen keardel, mar nét oer lytse mantsjes, de keale kop fan heksen en in grou en ûnsjoch jonkje, dat trouwens ek noch ferskuorrend ûnfatsoenlik en dom is, mar dat is bysaak.

It is in kwestje fan tiid, dan ferdwine Jip en Janneke út ’e winkel, of it moat sa wêze dat in pear goedbetelle gefoelichheidslêzers beslute dat Jip homo is, Janneke non-binêr, hûn Takkie in poeske wêze wol, de berntsjes harren âlden skieden binne, en op syn minst ien heit as dragqueen opfierd wurdt.

Frije wurd? Skytmerakels. Net yn it Westen, dêr’t keihurd wurke wurdt om normaal te meitsjen wat net normaal is. En dêr’t wat wól normaal is – sjoch foar de betsjutting fan dat wurd mar ris op Google of yn jim goeie âlde wurdboek – as kwetsend út de boeken skrast wurdt. Dêrom soe ik sizze wolle: kom allegear yn aksje om dizze boekferkrêfting tsjin te gean.

 

3 reaksjes op “It frije wurd?

  1. Martsje fanke … kom mar op mei dy manifestaasje of demonstraajse … ik rin mei fergeemje ! en nee ik gean it net (mei)organisearjen, why? … de jonkheid is no oan set ferdomme lit jim hearre tusken de sis 20/25 en 45 … skriuwsters skriuwers dichteressen en dichters …wat? alle kultuerpeoples…de dyk op!

  2. No is it fansels sa, dat dizze wizigings dien wurden binne troch de Ingelske útjouwer Puffin, yn oerlis mei de Roald Dahl Story Company, en seit it (noch) neat oer wat der hjir yn Nederlân mei dien wurde sil. Hast de reaksje fan de Nederlânske útjouwer wol lêzen, Joris van de Leur van De Fontein? (Stie yn de Trouw.) Dat alle minsken fan de boekewrâld hjir yn ús lân der metien op ôfrekkenje is wat rapmûlich, fyn ik. (Boppedat binne der ek mear kanten oan dat gedoch rûn it oersetten fan Gorman, mar dat skyn’t gjinien witte te wollen.)

  3. Oan elk ferhaal sitte twa kanten en oeral is wat foar te sizzen, mar je moatte yn myn eagen de ferhalen gewurde litte. Lit de skriuwers fan no mar skriuwe yn de trant fan no en lit stean wat 40 jier lyn skreaun waard. Kinst de skiednis net fuortpoetse, sa as se dat mei de Gouden koets besocht hawwe.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *