Edwin de Groot

POËZIJ POËZIJ POËZIJ

logo.ensafh

Der foel in lyts pakje yn de bus … okkerdeis.
Dêryn sieten trije A-fjouwerkes en in kassettebantsje*.
Ien A-fjouwerke mei in ferklearring, in deklamaasje suver en
op de oare twa fellen it gedicht ‘Doch-it Sels Poëtiside Deadsberjocht en in Ingelske oersetting dêrfan.
De stjoerder en de skriuwer fan dit alles hyt fan Bert de Vries, de man fan it prachtich by Hipsel útjûne boek ‘Eigentrieds’; in samling yn it Frysk oersette Outlaw- en beatgedichten fan û.o. Alan Ginsberg, Walt Whitman, Patti Smith en Eileen Myles. (Moai woke yn lykwicht, no.) En noch folle mear prachtdichters.
‘Eigentrieds’ kin sjoen wurde as Fryslâns eigen Bibel oer Outlaw Poëzij. 

Even werom nei it pakje en de ynhâld: POËZIJ POËZIJ  POËZIJ stiet der as oanhef op it earste fel en derûnder: – in ferklearring
De Vries oppenearret him.  

Bert de Vries

Ast witte wolst hoe’t dat klinkt: de audiobestannen stieane hjir, hjir en hjir. Net ien dy’t dy trije deselde wurden sa roppe kin as the man himself. Ek it niis neamde deadsberjocht is te hearren. It liket der op dat dit pakje ien is út in beheinde oplage, want der stiet 12/26 op skreaun, mei de hân en in hanteken.
Wa wit is dit letter foar yours truly noch in moaie ynstruier boppe-op it pensjoen. 

Bert de Vries is net ien fan ‘de gebaande paden’ en past krekt dêrom ek prima yn de tradysje dy’t Alan Kaufman, dichter út San Francisco en de grutte man efter The Bible of Outlaw Poetry, sa omskriuwt:  

“At best, outlaw poetry is an ongoing record of streetwise sensibility and tough tenderness. These poets have given form to incoherence, made a song of ugliness, and shown that unbearable pain is something we can survive. In their best work, the poetry achieves a gentleness and compassion despite that pain.” 

Bynammen it ‘tough tenderness’ sloech ik op oan. It is typearjend foar de Vries. In lange kuier dy’t ik mei him, noch net sa lang lyn, yn De Deelen makke haw, ûnderstreket Kaufmans omskriuwing nochris in kear. En lûd, wetterfûgels silst net sjen ast mei dizze dichter op ’n paad giest en hy op ´e tekst is oer poëzij.   

It biedwurd fan de Vries syn ferklearring is de wierheid en dy dan pleatst yn in poëtyske kontekst. It wol dat ik, as ik dat wurd hear, der – as filosofyleafhawwer fan de kâlde grûn – gauris op oanslach. Oer wierheid hat al in aardich nustje filosofen op it aljemint west.
Ynsjoch wurdt it yn dy hoeke ek wol neamd; ynsjoch yn saken, yn ús minsken, hoe’t wy tinke, waarnimme, ús wearden, ús moraliteit en gean sa mar troch. Wylst tagelyk de útspraak fan Sokrates resonearret; datst eins wol witst datst net witst 

En dan? Mar dan? Ophâlde fan sykjen?
Witte datst foar altyd en ivich mei lege hannen stean silst?  

Bert de Vries liket te tinken fan net en in aardich ploechje dichters allyksa. Net dat it allegear witten wurde sil, grif net, mar wol trochgean mei der efteroan te sitten, en oft der earne in einstreek leit en faaks in priis …
To make a song of ugliness; fan ûnsjoggens in liet meitsje, dat kin Bert de Vries. I salute him. 

*Makke troch CCC.
Counter Culture Chronicles / Den Haag
Rene van der Voort is de man efter dit label en hat al tsientallen kassettes útbrocht fan de grutte beat en outlawdichters op dizze ierde. Hy jout ek postcards út en broadsides en chapbooks (Lew Welch Hans Plomp Leo van der Zalm, ensfh).
Ast nijsgjirrich bist nei mear publikaasjes: https://www.soundohm.com/label/counter-culture-chronicle

 

Klik op de tekst foar in grutter byld

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *