Teleks: Mânske blomlêzing Elmar Kuiper yn oersetting ‘Earthskin’

logo.ensafh

Fan ’t maitiid ferskynt de mânske blomlêzing: ‘Earthskin’ by Copper Coin Publishing te New Dehli.David Colmer fertaalde 80 gedichten út 8 bondels fan Elmar Kuiper yn it Ingelsk. Der is in neiwurd fan Geart Tigchelaar.It lúks útjûn boek krijt syn fjoerdoop ûnder de New Dehli World Bookfair, dy ‘t tusken 25 febrewaris en 5 maart hâlden wurdt.

Yn maaie sil yn Tresoar in feestlike presintaasje hâlden wurde.Copper Coin is in ûnôfhinklike meartalige útjouwer en is tawijd oan it fieren, koesterjen en behâlden fan de bêste stimmen yn Yndiaaske en wrâldpoëzy, non-fiksje en fiksje. Copper Coinpublisearret yn it Ingelsk, Punjabi, Marathi en Hindi. It bedriuw waard yn desimber 2013 oprjochte troch de dichter en oersetter Sarabjeet Garcha.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *