
Poëzy
Yn dizze ôflevering fan ensafh wurdt de maitiid ferwolkomme. Dat bart troch it opnimmen fan it gedicht ‘Maityd’ fan dichter Himke de Jong:
‘as in boartlik bokje yn ’e greide
springt de kul
asto him tutsje wolst
mei losse hannen
…’
Jaen hat al wer in item tafoege oan har ‘Fryske rige’, no it geicht ‘Fryslân is gjin lân.’:
‘…
Dat is gjin lân, sei it soantsje fan master
en juf sei dat er gelyk hie; en sûnt dy dei
in libben om deroan te wennen, mar
altyd lân yn myn gedachten: merkelân,
…’
Kollums
Willem Winters wurdt dizze kear beselskippe fan syn libbenspartner Anneke van Renssen. Se ha teagearre nei in bjusterbaarlik barren ‘De sterkste man fan Nederlân’ yn Wolsum west en dêr elk in kollum oer skreaun.
Skermer hat nei in útstalling west en rûn dêrnei tsjin in boek oan. Hy docht ferslach yn ‘Alte meister’.
Besprek
A. IJ. van den Berg besprekt de roman Libben reach fan Greet Andringa. Hy is der net tsjinsteande inkelde opmerkings tige oer te sprekken: ‘Tagelyk krijt de lêzer sa ek in tal oare opfallende skiednissen oanrikt. Sa komt yn flarden it yntrigearjende ferhaal fan Gauke en Gertrud oan bod – Geeske har pake en beppe. Hy waard yn ’e oarloch yn Dútslân te wurk steld, en wenne nei 1945 in skoft yn ’e DDR. Dat binne sa al twa gegevens dêr’t yn Nederlân amper as net oer skreaun is; hielendal net yn fiksje. It makket in skriuwer ryk as dy sokke ferhalen skynber achteleas rûnstruie kin yn it psychologyske portret fan in oar, en sa in ferlangen opropt nei mear.’
Oersetting
Yn dizze ôflevering ek it twadde stik fan Eric Hoekstra syn oersetting fan it twadde haadstik fan de Bhagawad Gita:
‘Ast dyn ropping en de striid foar it rjocht fersommest
dan krijst der sûnde, skande en ûnear foar werom.’