Henk Nijp

Ferkiezings

logo.ensafh

Wy moasten der even op út, om boadskippen. It waaide dat it rikke en ik hie hâlden en kearen mei de pakesizzer efterop en de fûle wynpûsten dy’t ús efter de hege gebouwen wei oer it mad kamen. We kamen oan by in lanlike grutwinkelman en krekt op ’e tiid stiene wy stil foar’t wy yn in grouwe klodder behangstisel telâne komme soene. De man fan dy lym fleach lyk foar it foartsjil del om in poster werom te krijen dy’t troch de wyn fuortblaasd waard. Syn smoarge lears betrape it biljet krekt foar’t it útflappe soe. It wie op ’e tiisdeis foar de ferkiezingen. De plakker wie nó noch dwaande om grutte kleurige Volt-posters op ’e oanplakpeal te klibjen. Hy hie der wol oan mei dy hurde wyn. Syn klean sieten fol stisel en ek ûnder de peal lei smoarge grize dridze. Hy plakte de grutte fellen sa oer alle oare reklame-uteringen hinne. Wat in smoarch putsje, posters plakke.
En hoe sinfol, frege ik my ôf. Soe sa’n poster ek mar ien stim mear opleverje?
In pear wike foar de ferkiezings ferskine se meast yn ’e buorren. Foarhinne faak mei it logo yn ’e wenstige klupkleuren, it listnûmer en in fernimstige slogan. Hjoed-de-dei faak mei de kop fan ’e wichtichste pommeranten derop, tsjintwurdich gauris de lanlike foaroanmannen of -froulju, sels by de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten. As soe it dochs oeral mar allegearre oer itselde gean. De tiid dat leden fan in politike partij sa’n biljet foar de ruten hongen ha wy blykber hân. By ús op it doarp ha ik yn ’e oanrin nei de ôfrûne ferkiezings net ien mear sjoen, mar ús gemeente set noch wol rûnom yn ’e doarpen grutte stellaazjes del foar dy politike reklameboadskippen.
By ynkomst fan it doarp steane twa hege stielen ramten op in swiere betonnen plaat. Heech boppe it meanfjild hingje de posterkes op in soarte fan fotodoek. Se hingje sa heech, dat it yn it foarbygean suver net te ûntsiferjen is om wa’t it giet. Even stilstean om better te sjen kin eins ek net, om’t it krekt yn in bocht is en in oar der dan net feilich omhinne kin. Men soe der al spesjaal foar werom komme moatte om de boel goed lêze te kinnen. Mar dan noch, wat ha je deroan? It is in ‘kollaazje’ fan alle meidoggers, soe der ek mar ien swevende kiezer wêze dy’t tinkt: Hee, dy holle stiet my wel oan, dy kriget myn stim?, Of: Wat in moaie kleurkes op dat biljet, dêr giet myn stim hinne! Of noch wer oars: ‘Och ja, dy partij is der ek noch, dêr stim ik mar op?
It wol my net oan, mar Ljouwert hat blykber wol wat oer foar it feestje fan ’e demokrasy; 36 x 2 fan sokke posterstellaazjes foar de doarpen en dan noch in stikmannich yn ’e stêd sels. Dat wurdt in moai bedrach en dan noch al it wurk om dy dingen del te setten en neitiid ek wer op te rêden. Om my waard der wat oars dien mei dat jild.
Yn ’e supermerk kochten wy in stik ‘ambachtlike’ leverwoarst. Ik sil jo de E-nûmers besparje, mar de folgjende tekst oer wat der al of net yn sit wol ik noch al even oanhelje. Neist sâlt en natrium sitte der koalhydraten en aaiwiten yn, mar der is ‘geen suiker toegevoegd’, it is ‘glutenvrij’ en ek ’koemelk-eiwitvrij’, mar – en no komt it – de woarst sit ‘boordevol gezelligheid’! In gesellige leverwoarst! Hoe ha se dat deryn krigen en hoe bliuwt it deryn sitten!? Der wurdt wat útfûn om hannel oan ’e man te bringen …
Doe’t wy mei de boadskippen de fyts wer opsochten, wappere de krekt opplakte Volt-poster alwer heal los fan ’e plakpeal.
It soene stoarmeftige ferkiezings wurde.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *