Skermer

Alde masters

logo.ensafh

Alde masters. Se binne te finen yn keunsthistoaryske museums. It is ek de titel fan in boek fan de Eastenrykse skriuwer Thomas Bernhard, Alte Meister.

Ik bin in skilderijmuseumfretter. Ik strún alle museums yn Nederlân ôf en as der earne in útstalling is fan in grutheid bin ik der by. Ik kom ek wol oer de grins. Lêsten ha ik nei Frankfurt am Main west nei de earste grutte oersjochútstalling fan de Italiaanske renêssanseskilder Sandro Botticelli. Mei de trein. De moarns op it Hearrenfean om ien minút oer seizen, yn Zwolle en Arnhem oerstappe, om alve oere hinne yn Frankfurt op it ymposante, njoggentjinde ieuske kopstasjon mei rûne oerkappingen en neoklassike foargevel, fierders alles modern. In eintsje troch de binnenstêd yn súdlike rjochting nei de Main, dêr oer de kuierbrêge rjocht op it njoggentjinde ieuske neoklassike Städel Museum oan de Schaumainkai ta.
Der stie in pear hûndert meter lange slingerrige te wachtsjen, hûnderten minsken. It einde neat. Ik koe likegoed daliks wer op ’e trein stappe, want ik soe minimaal trije oeren duorje foar’t ik binnen wêze soe. It slagge my by de yngong nei it museumterrein – dêr’t de ein en it begjin fan de slinger inoar tsjinkamen – yn in momint fan betizing – troch oerlis tusken befeiligers en suppoasten – nei de oare rige oer te stappen, sadat ik dochs noch binnen oardel oere yn it museum stie.

It hert fan de útstalling wie it ferneamde skilderij ‘Portret fan in jonge frou’, dat it Städel yn besit hat. Neffens de keunsthistoarisy is it in idealisearre portret fan Simonetta Vespucci, in jonge frou út Florence, minnares fan in telch út it ferneamde Florentynske hearskersgeslacht de Medici. Mei dat portret hat Botticelli sa’t sein wurdt it doetiidske ideaalbyld fan de frou skilderje wollen: sensueel en ynbannich tagelyk.

Spitich by dizze grutte oersjochútstalling útstalling wie fansels wol dat de twa ferneamdste skilderijen fan Botticelli, ‘Venus’ en de ‘Allegory fan de Maitiid’, der net by wiene, mar dêr hie ik my dan lykwols net troch wjerhâlde litten.

Wat in genot sa’n útstalling!

Ut it museum wei werom op it stasjon kocht ik dêr yn in grutte boekwinkel de roman Alte Meister fan Thomas Bernhard. Ik kocht it om’t it boek sa begjint: ‘Hoewol’t ik pas om healwei tolven mei Reger yn it Keunsthistoarysk Museum ôfpraat hie, wie ik dêr al om healwei alven om, sa’t ik mysels al hiel lang foarnommen hie, in kear út in mogelikerwize ideale hoeke wei ûnbehindere nei him te sjen, skriuwt Atzbacher.’ Ik bin gjin grut kenner fan Bernhard syn wurk en koe dit boek fan de Eastenrykse misantropyske toaniel- en romanskriuwer net.

Yn de trein begûn ik der fuort yn. It boek sit wûnderbaarlik moai yninoar. De musikolooch Reger komt al mear as tritich jier om ’e dei yn it museum en syn favorite plak is de Bordoneseal dêr’t er dan op in bankje nei it skilderij ‘Man mei wyt burd’ fan Tinoretto sit te sjen. It boek begjint der mei dat Reger in ôfspraak yn dy seal hat mei syn kunde Atzbacher, dy’t ek alle wiken yn it museum komt. Atzbacher is de ferteller (skriuwer) yn it boek. Der komt noch in personaazje yn it boek foar, de suppoast Irrsigler, dy’t yn ’e rin fan ’e jierren alles wat er wit opstutsen hat fan Reger en sa de sprekbuis fan Reger wurden is.
It giet yn it boek sa. De ferteller, Atzbacher, sjocht út in oare seal wei nei de eigentlike haadpersoan Reger dy’t op it bankje nei it skilderij fan Tintoretto sit te sjen en. bringt him yn it sin wat Reger yn de rin fan de jierren tsjin him sein hat. Mar dat bart op in fariearre wize om’t er him ek yn ek it sin bringt wat Regere syn sprekbuis de suppoast Irrsigler, him allegear sein hat. Mar Reger rjochtet fan syn bankje ôf ek streekrjocht it wurd tsjin Atzbacher.

Reger hat in haadgedachte en obsesje yn ien: yn ’e wrâld is neat dat folmakke is. En dat wol er himsels hieltyd wer bewize troch – gauris nei jierren fan yntinse bestudearring – yn de masterwurken yn it museum ûnfolsleinheden te ûntdekken en yn de rin fan it boek brânt er dan fansels it hiele minskdom en de hiele beskaving oan ’e grûn ta ôf.

Ik ha doe yn de trein de likernôch earste tritich siden lêzen.
Ik lies: ‘De minsken gean allinne nei it museum om’t it tsjin har sein is, dat in kultuerminske der hinne heart te gean, net út Interesse yn de keunst, op syn minst njoggenennjoggentich persint fan it minskdom hat alhiel gjin ynteresse yn keunst, neffens Irrsigler nei Reger.’
En: ‘Op itselde stuit hearde ik him tsjin my sizzen: “Minsken gean nei it Keunsthistoaryske Museum om’t it sa heart, om gjin oare reden, se reizgje sels út Spanje en Portugal wei nei it Keunsthistoaryske Museum yn Wenen om thús yn Spanje en Portugal sizze te kinnen, dat se yn it Keunsthistoaryske Museum yn Wenen west hawwe, wat dochs bespotlik is, want it Keunsthistoaryske Museum is net it Prado en it is ek net it museum yn Lissabon, dêr komt it Keunsthistoaryske Museum lang net oan ta.”’

Mar wilens plande ik al myn folgjende museumbesite, dy oan de grutte Monetútstalling yn it Von der Heydt-Museum yn Wuppertal.

De oare deis ha ik thús Alte Meister útlêzen. It boek einiget der mei dat Reger Atzbacher útnoeget om mei him nei it Burgtheater ta om dêr it toanielstik Der zerbrochene Krug fan Heinrich von Kleist te sjen. Neffens him is dat de bêste Dútske komeedzje en it Burgtheater it bêste teater om it te sjen. Reger wol der hinne – hoewol’t Atzbacher him fêst foar gek ferslite sil – om’t er tinkt dat syn dagen teld binne.
Der stiet: ‘Jo witte, it is tsientallen jierren lyn dat ik yn it Burgtheater west ha en der is neat dat ik mear haatsje as it Burgtheater, feitlik neat mear as de dramatyske keunst sels.’
En: ‘Nim dy twadde kaart, sei er, en gean jûn mei my nei it Burgtheater, diel mei my de wille fan dizze perverse kranksinnichheid, myn bêste Atzbacher, sei Reger, skriuwt Atzbacher. Ja, sei ik tsjin Reger, skriuwt Atzbacher, as it jo útdruklike winsk is, en Reger sei, ja it is myn útdruklike winsk en joech my de twadde kaart. Ik ha dy jûns mei Reger nei it Burgtheater en Der zerbrochene Krug west, skriuwt Atzbacher. De foarstelling wie ferskriklik.’

Wat in genot sa’n boek!

Tekst by in ôfbylding fan it skilderij op samar in webside: It portet fan de ‘Man mei wyt burd’ fan Tintoretto (1518 - 1594) is yn it Keunsthistoarysk Museum yn Wenen te sjen. Earder yn de Bordoneseal (lt. Thomas Bernhard "Alte Meister", 1985), hinget it, alteast no (2003), yn de Bassanoseal.
Tekst by in ôfbylding fan it skilderij op samar in webside: It portet fan de ‘Man mei wyt burd’ fan Tintoretto (1518 – 1594) is yn it Keunsthistoarysk Museum yn Wenen te sjen. Earder yn de Bordoneseal (lt. Thomas Bernhard “Alte Meister”, 1985), hinget it, alteast no (2003), yn de Bassanoseal.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *