
Sûnt in skoftsje bin ik yn ’e ban fan it spultsje Mahjong, dat ik ophelle ha út de Google Play store. As ik efkes neat om hannen ha kin ik it net litte om in pear potsjes te spyljen. Sterker noch, as der wat op it spul stiet, ekstra gouden muntsjes bygelyks – dy’t gjin sint wurdich binne, mar och, ik bin frijwat kompetityf ynsteld – dan kin it sels barre dat ik op it húske trochspylje. Djip tryst eins, mar it tûke beleanningssysteem docht by my sûnder mankearjen syn wurk. Hawar, ik ha der in bulte wille fan.
Al wat lestich is de reklame dy’t ik foar elk nij potsje útsitte moat ear’t ik begjinne kin. Soms foar sinnepanielen, flitsend flot ynternet of oare tige ferslaavjende spultsjes. Soms duorje se wol tritich sekonden, mar kinst meastentiids al frij gau op in krúske klikke om de reklame ôf te sluten.
Ferline wike seach ik lykwols in advertinsje dy’t my wakker nijsgjirrich makke. Al wie it allinnich mar om de folsleine ûnleauweardigens derfan. Der ferskynde in yn in prachtich jurkje klaaid frommeske yn byld, dat it yn har libben sa te sjen goed fan iten en drinken hân hie. Se seach der bêst út, om samar te sizzen. Mar der barde in wûnder: se iet in hiel lyts dropke, in winegumke, in kleurich bearke. En jo kinne it leauwe as net, in tel as fjouwer letter ferskynde der in nij frommeske yn byld, yn sa’n selde prachtige jurkje, mar dan hyperslank. As der net by skreaun wie dat it itselde minske wie, hie ik it der net oan ôfsjoen. Wol sawat itselde hier, ek deselde bril, mar fierder ûnwerkenber. Yn twa wike tiid wie se 30 kilo kwyt, stie derby.
No, sjoch, dan ha jo my, hin. Ik bin in notoare boergondiër, der komt my neat fan ûnpas. Ik bin net fertroud by bier, woarst en tsiis en by it waarm iten kin ik bunkerje as in dokwurker. Lijne ha ik gjin geduld foar. As ik moarns in stik bôle minder nim, wol ik jûns in maat lytser broek oan ha kinne. Dat skynt sa net te wurkjen, dat dan is it my alwer oer. Mar dit wie wol hiel ienfâldich, jubele dat frommeske: gjin dieet, net sporte, allinnich jûns foar it op bêd gean ien sa’n bearke opite en it fet raande jo sliependewei fan ’e bonken.
Ik besleat de hiele reklame út te sjen. Der kamen noch in pear fan dy rûnboarstige types foarby dy’t yn in omsjoch fan broekmaat tinte nei maatsje pypstâle giene en as útsmiter ferskynde mei grutte letters de geweldige oanbieding dat it suver fergees wie, mar dat it wol echt de alderlêste dei wie dat dit wûndermiddel foar sliterspriis te bestellen wie. Sterker noch, se hiene noch mar ien potsje fan dy bearkes op foarried en der wiene op dat stuit hûnderten minsken op de webside dêr’t ien fan dat lêste potsje mooglik krekt foar myn noas weisnippe soe. Soks liet ik my dochs net barre?
En no? Mooglik komme jo mei in pear wike yn ’e stêd in tige behindich frommeske tsjin dat jo yn ’e fierte oan my tinken docht, mei koart donker hier – miskien dat der dan kroltsjes yn sitte – en blauwe eagen, al binne dy fan my brún. Jo witte it net, de wittenskip stiet foar neat en mei dy bearkes is de grutste transformaasje net ûnmooglik ha ik sjoen. Rop myn namme net, rin har mar moai foarby, want ik bin it net. Wat miene se dêr by de gummybearkefabryk wol net, al hoe’t se har bêst ek dien ha op dy reklame, ik ha se alle fjouwerentweintich noch wol yn it kratsje. Doch my noch mar in pilske en stikje woarst. Tsjoch!