
‘Meitsje it dy maklik … Eagen ticht … Fiel dyn kont op ’e hurde stoel … Fiel de waarmte fan de minsken om dy hinne … Djip sykhelje, stadich … yn … en út … Fiel de matearje … en lit alles los!’
Al nei in minút as twa foel njonken my myn maat yn ’e sliep.
Ofrûne winter kaam ik yn ’e kunde mei it gedachtegoed fan Benedictus de Spinoza. Dit wie op oantrún fan dy freon fan my, in oertsjûge ‘Spinozist’. It autoriden wie him in pear wike earder ferbean fanwegen in slimme foarm fan apneu en dus hie erin sjauffeur nedich om him nei Amsterdam te bringen foar syn jierlikse Spinozakursus fan fjouwer sneonen. Dy woe er foar gjin jild misse.
Ik koe my aardich fermeitsje tusken de fjirtich, fyftich grize koppen dêr yn ’e multyfunksjonele romte fan it Spinozalyseum, al bestoar ik it yn dy net opstookte skoalle út en troch fan ’e kjeld en wiene net alle fjouwer sprekkers like boeiend. De lêste wie net de minste. Professor Andrea Sangiacomo, kenner fan it wurk van Spinoza, Descartes en oare earste moderne tinkers, mar ek spesjalisearre yn ’e saneamde Pālidialogen fan de Boeddha, hie it oer ‘de mystike Spinoza en syn meditaasje oer de yntellektuele leafde foar God’.
Healwei syn lêzing nûge hy alle dielnimmers út om as empirysk eksperimint mei te dwaan oan in troch him begelate meditaasje.
‘Hoe siet dat no eins mei dy meditaasje? Hasto dêr wat fan meikrigen?’
We wiene Amsterdam al út, rieden rjochting de Skipholtunnel en it reinde as de see. It wetter stode alle kanten op, it sicht wie slim beheind, de rutewiskers giselen ús foar de eagen. En it wie waarm yn ’e auto. Krekt as ik hat dy maat fan my it ek altyd kâld. Syn stoelferwaarming hie ik op stantsje trije setten en de autoradio op ClassicNL: samar wat faktoaren dy’t faaks in rol spilen by wat ús yn de tunnel te wachtsjen stie.
Oant dat stuit hiene wy it hân oer saken as it ferfrjemdzjend Italiaansk aksint fan de Ingelsk pratende professor en de bysûndere eftergrûn fan guon kursusdielnimmers. Myn maat is nammentlik sa’nien dy’t mei safolle mooglik minsken in praatsje makket, altyd yn it foar mei de keynotesprekker fûstkje moat en yn eltse diskusje wat te sizzen hat.
‘No, ast net weisûze wiest, hiest miskien oan ’e ein mei God fûstkje kinnen. Of wat derop liket.’
‘Soest nei fjouwer kursusdagen wilens witte moatte dat foar ús Spinozisten God überhaupt gjin minsklike eigenskippen hat. God is natuer, natuer is God. Dat is no krekt de spirit fan Spinoza. Dêr moast gjin grapkes oer meitsje.’
‘Okee, okee!’ It is in tige minlike en sjarmante man, mar moatst him net fan ’e stoel prate wolle en derop sitten gean.
We stoden de tunnel yn, mar it autoriden waard der lykwols net rêstiger op. It bleau tsjuster, sels wat unheimisch, mei de hinne-en-werjende ljochtsjes om ús hinne en foar ús út.
Ik fertelde him hoe’t de Italiaan ús fan ’e faze fan it deistich bestean dwers troch de stadia fan yntellektueel witten hinne brocht nei it bysûnder fergonklik nivo fan universele krêften en djipsinnich fielen. Earst dus de matearje fan it hjir en no fiele, doe moasten wy ús dêrfan losmeitsje om ús te rjochtsjen op de leechte om ús hinne, om dêrnei dyselde leechte yn te foljen mei wat Spinoza ús leart oer de substansjele kosmos. Of nee, dy iene kosmyske substânsje, sa wie it.
En doe barde it. Doe en dêr, samar ynienen, raasde myn maat:
‘Dêr! Moatst dêr ris sjen. Spinoza! Sjochst him ek? Hoe is it mooglik! Sjoch dan, sjoch dan. Och heden, no is er wer fuort.’
‘Man, wêr hast it oer? Spinoza? Hjir, yn ’e tunnel?’
‘Jawis, ik seach him sa dúdlik en klear as mar mooglik is. Hy hong dêr, boppe de útgong fan ’e tunnel, boppe de auto’s en de ljochtsjes en de … Do moatst him dochs ek sjoen ha?’
Nee dus.
Dat koe er amper leauwe. Noch in pear kear sei er ‘tsjongejonge’, en foel doe wol tsien minuten stil.
Doe’t wy by him de strjitte ynrieden sei er dat er nei al dizze jierren no perfoarst Spinoza syn Ethica ris in kear útlêze woe.