Aginda 20 en 21-04-2023: Sjong-yn en lietejûn – Hindrik van der Meer: in libben yn muzyk en taal

logo.ensafh

Al mear as in heale iuw lang spilet Hindrik van der Meer (Bantegea 1938) in belangrike en ynspirearjende rol yn de Fryske wrâld fan muzyk en literatuer. Fryske literêre teksten waarden troch him op muzyk set. Foar tsjerke en foar bern makke hy muzyk dy’t noch altyd mei wille en nocht songen en spile wurdt troch jong en âld.

As earbetoan oan Hindrik van der Meer en syn rike oeuvre organisearje Tresoar en Utjouwerij DeRyp op 20 en 21 april in oantal aktiviteiten.

Op freed 21 april fynt yn Tresoar in grut sjongfeest plak. Middeis (programma-ûnderdiel 1) sille wy ûnder lieding fan Klaartje van Dokkum en Jelma Wiegersma meiinoar sjonge út de krekt ferskynde bondel ‘Kom en Sjong’. It bernekoar ‘De sinnestrieltsjes’ út Wytmarsum en it Wjelsriper koar komme ek del.

De jûns ((programma-ûnderdiel 2) steane muzyk en poëzij sintraal. It koar ‘De Itenser Sjongers’ bringt û.o. nije poëzy út de tsjerklike tradysje en fan Tiny Mulder. It ‘Freone- en famyljekoar’ bringt fersen fan û.o Obe Postma, Gysbert Japicx, Fedde Schurer, en Rixt dy’t troch Hindrik van der Meer op muzyk setten binne. Simone de Witte-Kuipers en Hans Wempe bringe in duet út de musical Ruth.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *