Piter Boersma

it park fan over holland

logo.ensafh

 

 

 

hjir al fjouwer jier wenje en it net earder dien
in kuier meitsje troch it park fan over holland
no kin it dan wurde no’t ik nije knibbels ha
op ’e fyts is it mar in eintsje de strjitwei del
nieuwersluis foarby it fytspaad nei it pontsje op
hast oan ’e ein de yngong mei in balke derfoar
dêr rin ik omhinne en ik set de fyts tsjin in beam
it park wie slim ferwaarloazge hie ik meikrigen
utrechts landschap eigener fan bûtenpleats en park
hie no ta achterstallich ûnderhâld besletten
ferline jier oktober koe ik it net litte
bin ik der wat ferbean is even trochinne fytst
no sjoch ik yngeand nei wat der allegear dien is
fuort foaroan is in hoeke keal makke foar stinzeplanten
bloeie snieklokjes komme aronstsjelken op
twa keizerskroanen in inkelde titelroas
oerkommen nim ik oan út it park fan sterreschans
dat oare kant it fytspaad leit mar net tagonklik
spitich want in grutter ferskaat oan beammen struken planten
fan it paad ôf sjoch ik nei de foarm- en kleurepracht
park over holland is ferlike dêrmei ientoanich
in boskperseel eins mei rjochte paden en sleatten
dan stean ik op ’e sichtline fan ’e bûtenpleats
dy’t yn ’e fierte troant yn it folle jocht
it paad rint fan ’e strjitwei ôf rjocht it bosk yn
mei derlâns âlde en nij oanplante bûken
iepen oan ’e ein sjochst boppe de dyk út
de skippen op it amsterdam-rijnkanaal
begearich om my hinne sjend rin ik fierder
de sleatten binne slatten de wâlen keal makke
op plakken beammen en ûnderhout romme
in stik greide yn ’e midden soarget foar ynlikheid
tusken de beammen in hege keale stam
oerbliuwsel fan it tekoart oan ûnderhâld
in nij brechje oer folgje ik it rûngeande paad
hast oan ’e kanaaldyk ta en alhiel de súdkant lâns
troch de beammen hinne de flats fan breukelen
oan ’e oare hân wer de ljochte greide
oer in rjocht paad by in brede sleat lâns
kom ik wer út op ’e sichtline
tusken de bûken dêr oan ’e wolken ta
ek noch sa’n stam sûnder tûken en bast
ik eagje noch in kear nei over holland sels
it bûten leit oan ’e oare kant fan ’e strjitwei
ticht tsjin de vecht oan mei de foarkant der nei ta
oan ’e strjitkant is dwars op it hûs in stik oanboud
heech en lang dat foar de helte yn in fiver stiet
de tún der omhinne sober as it boskpark
allinne beammen wol in see oan snieklokjes
oer in oare fiver hinget in omwaaide beam
over holland liket ûnbewenne is it net
it hûs wurdt ferhierd troch de lânskipsstichting
gjin plak sa ryk oan iken lies ik yn it ledeblêd

(16-2-2022 – 17-2-2022)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *