Lomme Schokker

Bestindigjen fan fergonklikheid

logo.ensafh

In jier of acht lyn hong der begjin maaie by ús yn Hillegom oan it fiifde hûs om ’e hoeke ynienen in Fryske flagge. Wêrom eins wolle minsken fier om utens en plein public te keap rinne mei it feit dat se Frysk binne? Grutskens kin it net wêze, want je kinne allinnich grutsk wêze op in prestaasje, net op wa’t je tafallich binne. Ik koe mar ien falide reden betinke en dat is dat se stomme graach ris mei in oare Fries yn ’e kunde komme woene. De Fryske flagge as needsinjaal. Hiemsiik? Unwennigens? Taalferlet?

Net folle letter seach ik op in jûn dêr in jongkeardel yn ’e tún syn klimophaachje knippen, mei sa’n hânhaachskjirre. Dat naam him fuort foar my yn, want sels doch ik it ek krekt sa. Foar my is haachknippen altyd wer in Zenmomintsje, allinnich al om it lûd. Rigoereus kalmearjend. Simmerdeis snoei ik om ’e twa wike ús meterslange Hedera. Puntsjes ôf- en byknippe. Kreas meitsje. De útrinners fan ’e natuer, alle útwaaks ûnder kontrôle krije. Kapsalon Schokker. Yn it Frysk frege ik him oft ik him miskien wat freegje mocht, oer hoe’t it no siet mei dy pompeblêdflagge fan him.

Lútsen hiet er en hy wurke yn it fleantúchûnderhâld op Skiphol. Hy kaam fan De Knipe, Boppeknipe sei er. Bearenburch hie er net, miskien mocht er my in whisky ynskinke? Koe net better. It Bearenburchske suertsjewetter is al lang net mear oan my bestege. Hy kaam mei in Taiwaneeske double malt whisky oansetten, dêr’t ik de namme spitigernôch fan ferjitten bin.
Syn ferhaal wie dat de frou út Katwijk, grutbrocht yn tradisjoneel-kristlike tradysjes mei in behoarlike fluts oranjesaus troch har oertsjûgings, nei twa jier houlik dochs echt op Keningsdei de Nederlânske trijekleur ophingje moast, al wie it mar fanwegen har âlden dy’t dat jier op besite komme soenen. Lútsen woe der earst neat fan witte, en benammen net fan dat kliemske, ûnderdienige wimpelgedoch, mar it kompromis yn wat doe noch in goed houlik wie, waard fûn yn it op syn bar optugen fan ’e Fryske flagge op fjouwer en fiif maaie. En út opstannigens as boanus ek op ien maaie. Nee, dy Lútsen wie bepaald gjin oranjefan.

Wy ha kontakt holden, it wie foar ús beiden it oergearkommen mar. Noch gjin hûndert meter fan doar ta doar. In bêste keardel, ien kear op in kâlde woansdeitejûn ha wy by ús yn ’e Bollestreek tegearre nei in bekerwedstriid fan sc Heerenveen west.
Ferline jier om Keningsdei hinne seach syn frou yn ’e krante ûnder Groupdeals in prachtich moaie, swevende parasol yn de oanbieding. Krekt de goede foar wol in hiel skewielich pryske. Mar dat dogge wy dus moai net, hie Lútsen sein. En wêrom dan net, frege syn frou, it is ommers tige by tige wat wy nedich hawwe. Omdat it in oanbieding is yn it ramt fan Keningsdei. Dêrom net! Dêr wol ik perfoarst net oan meidwaan. As it oer in wike noch sa goedkeap is, dan mei alle wille, mar nét op dit stuit en al hielendal net ûnder de flagge fan in ‘vorstelijk’ foardiel. Ek dat naam him foar my yn. Dy Lútsen, in hielen-ien. In man fan prinsipes. Soks mei ik lije. Foaral as dy prinsepeal gearfalle mei dy fan my.

Dit jier om Keningsdei hinne wie it hûs ferkocht en sil de frou miskien wol werom wêze nei Katwijk. En Lútsen? Ik soe it net witte. Hy is ferwurden ta in anekdoate. Foar my wol ik mei dit stikje myn buorman syn fergonklikens in bytsje bestindigje yn de cloud van Ensafuorthinne. Foar sa lang’t soks duorje kin.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *